Blauwe moandei

It is hast safier. Oankommende moandei stiet te boek as de meast deprimearjende dei fan it jier. Foarnimmens wurde net helle, rekkens op de matte en sa mear. Tiid foar in eintsje tou en in wankel krukje. Mar is dat wol sa?

Dizze wike die út in APK bliken dat it mei myn motor prima giet. Myn foarnimmen om minder nei nijs te sykjen en my der yn elts gefal sa min mooglik oan te ergerjen stiet noch rjocht oerein. Yn in mail dy't ik trochspile krige stie de folsin: 'Het leven is een lolletje.' Dat liket maklik, mar as it sein wurdt troch in pasjint dy't mei de sykte K. te meitsjen hat, is de lading wol wat oars.
Minder stres, mear laitsje, en ja, de saken sa faak as it kin mei de gek beslaan. Iroanysk, soms mei in bytsje sarkasme, mar yn elts gefal sa dat it je net tusken de earen sitten giet. Dat soenen mear minsken dwaan moatte, de wrâld hat driuwend ferlet fan humor. Fansels, ik wit it wol, guon saken sille net mei humor en slap ouwehoeren oplost wurde, mar as we no ris begjinne mei in parody te meitsjen op eltse tweet fan Wilders? Dat is foar it kollektive gefoel fan lekkerder yn it fel sitte in goed begjin.

Yn de LC fan hjoed stiet in stikje oer in keardel dy't troch himsels te ûndersykjen no al wit dat er mei folle moanne net sliepe kin. Bêste man, skuor dy plakkers fan it liif, jammerje as in wolf tsjin de moanne en jou dy dêrnei del. Sliepst as in roas, want it sit tusken de earen.

Oer twa dagen is it blauwe moandei. No, en? 

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts