Nijs? Nee, efkes net, graach.
Samar in stille woansdei. Niis wat administraasje dien, mei hearlike live-muzyk fan Pearl Jam en The Foo Fighters op de eftergrûn. De winstpartij fan de Vancouver Canucks op The Tampa Bay Lightning besjoen. In dei as alle oaren.
Doe kaam dochs myn honger nei nijs wer om de hoeke. Ien fan de goede foarnimmens foar 2012 wie en is om minder nei nijs te sykjen. Omdat je der dochs neat oan dwaan kinne, en it yn de regel soarget foar ergernis. Net goed, foarkomme, dus. In tal foarbylden:
Der komt gjin ûndersyk nei mooglike misstannen by swimbad De Welle. Al dy ynstjoerde stikken yn de krante wurde ûnder it kleed fage, mei as útlis: Wethâlder Ketelaar liet witte net op yndividuele gefallen yn te gean en fynt dat it selsstannige swimbad problemen sels oplosse moat.(OF) Tink derfan wat jo tinke wolle, soe ik sizze.
Noch ien: Minister Edith Schippers sil har net ynspanne foar it behâld fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Dat antwurdet de minister fan folkssûnens op fragen fan de SP-fraksje yn de Twadde Keamer. Dy fynt dat yn de streek in folweardich sikehûs mei folsleine tsjinstferliening bliuwe moat. Schippers seit dat it De Sionsberg al in skoft net slagget om de soarch fan tal fan basisprosessen op in ferantwurd peil te hâlden en dat mei troch jildgebrek keazen is inkele ôfdielings te sluten. Se fynt dat der foldwaande soarch yn de buert is en dat in sikehûs stopje moat mei soarch dy't it net goed ferliene kin.(OF)
No, dat witte dy minsken dêr dan ek mar wer. Snútslach foar de meirinners yn de protestmars en it personeel dat, nim ik oan, tige har bêst docht.
Foar it ôfwennen: De folsleine gekte nei twa fikse reinbuien en in pear pûsters wyn. Kij fan de molke trochdat se op oanrieden fan wa wit ik net nei in lege stâl yn in krimpregio ferfarre moasten. Twa dagen letter wer werom. Wer fan de molke. Bedriuwsrisiko, boer. Net oer eamelje. Binne der deaden en ferwûnen fallen? Nee. Se hienen allinnich de gemalen in deimannich earder oanslingerje moatten, mar dêr sille we it mar net iens oer ha.
Moat in minske dizze brij fan ellinde eltse dei mar oanhearre? Sjitte je der wat mei op? Nee. Jo knappe der fan ôf.
2012 wurdt wat my oanbelanget net it jier fan it nijs. Mar, alle foarnimmens binne der om jo net oan te hâlden. Sjen hoelang ik it folhâld. Wish my luck.

Reacties
Een reactie posten