Foppe

Twa dingen:

1: De SC Hearrenfean wol in trener sûnder ego en persoanlikheid, dy't yn it plaatsje fan de klup past. De opstelling is al klear, 4.3.3, oars kin er wol opsokkebalje. Dus is er gjin trener, mar in marionet fan 'it technyske blok' dat der al sit. Mannen lykas Verbeek falle op foarhân dus al ôf. Foar de tsjinstanner is it tige maklik, jo hoege net iens immen nei it fiere Feen te stjoeren, de SC spilet altyd gelyk. Dat moat fan de mannen dy't der ferstân fan ha.

2: Stel ik wie trener en se soenen my benaderje mei dit 'beliedsplan'?  Ik soe se yn it gesicht útlaitsje. Mar der sil grif immen wêze dy't sa glei is op it baantsje, dat er him hjirfoar brûke lit. 

Dochs noch in 3: It is net te leauwen. Soe Foppe it hjir mei iens wêze? Dat kin hast net. In trener moat sa no en dan stronteigenwiis wêze kinne en meie. Ik hoopje teminsten net dat it sa foarbakt is dat er noch ynfloed op it earste âlvetal ha wol, want dan kin er der sels better foar stean gean.

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts