Posts

crowded house four seasons in one day

Afbeelding

Split Enz op de skoaltas

Junior moast in skoalletas ha. Dat ha je as se grut wurde. It die my tinken oan de tas dy't ik eartiids hie. Dat wie in hiel o heden. Der waarden doe strange easken oan sa'n tas steld. Hy moast fan lear wêze, mei twa fan dy knipslotten der op en in riem mei gesp. En hy moast netsjes bliuwe. Alteast, yn de earste klasse. Healwei it jier skreanen we de tas fol mei swarte filtstift. Alle subkultueren waarden etalearre. En jo tilden dy tas net oan it hânsel, mar sa dat er nei oardel jier útskuorde. No wie ik yn dy tiid foar PSV, je ha sa jo jeugdsûnden. Dire Straits, Status Quo, The Cure en mear fan soks waard op myn tas kalke. Alles sa dat je net tefolle út de toan foelen. Mar ik hie der ek noch wat in frjemde bandnamme op stean: Split Enz. De bruorren Neil en Tim Finn út Nij Seelân. Doe't ik foar it earst I hope I never hearde wie ik ferkocht. Letter, doe't de Finn mannen Crowded House oprjochten en it prachtige album Woodface makken waard ik noch in grutter oanhinger. ...

Skûtsjepool

Eins hie ik him hjoed winne moatten. It Feen lei der prachtich by, mar ja. Dat se it noch oan it sânde plak ta brocht ha, jout betrouwen. Komt wol goed. Moandei starte fan it fiifde plak, no, as der in bytsje wyn is, kinne we dy 0.9 hast wol byskriuwe. As dit no de minste wedstriid wie, is der neat oan de hân. De fleur der mar wat ynhâlde. It wie oars in spul fan kâlde hannen dêr oan de Tynje. Nije wike simmer, de koarte broek oan en oan it ein fan de middei lek stutsen wurde troch de brimzen dy't de tongerbui ek oan kommen fiele. Fûgeltsjelân, no? SIMMER YN FRYSLÂN!!

Literatainment

In roman yn in tweet. Ien fan de ûnderwerpen út DWDD fan it ôfrûne jier. Miskien ha jimme it sjoen. De presintator frege him yn alle earnst ôf, oft je yn ien tweet in roman ferpakke koenen. En nei eltse bydrage fan oer it generaal jonge minsken, dy’t bliid wienen dat se ek efkes har moment of glory ha mochten, in daverjend applaus. En Jan Mulder mar knikke. De diskusje oer de literatuer moat ditsoarte ûntwikkelings net negearje. De tiid nimme om in stik te lêzen, en der dan ek noch wat fan fine, no, ik wit it net. Der sille altyd guon bliuwe dy’t dy ynteresse ha, mar de wrâld leit der wol wat oars hinne as foar it ynternet. Doe wienen kranten en boeken net wei te tinken, no leit dat wat oars. As ik sa om my hinne sjoch, binne der mear hûzen dêr’t de krantejonge oan foarbyfytst, dan dat er der in krante yn de bus smyt. De kompjûter stiet prominint yn de keamer, en is de hiele dei oan. Krekt as de TV. Bylden kinne hurder ferwurke wurde as teksten. It is makliker. Junior hat mar ien hân d...

Embargo

Afbeelding
Hjoed krige ik de foto, makke op de Feanhoop. Fansels soe ik him graach oan jim sjen litte wolle, mar helaas. Oant 16 septimber leit der in swier embargo op. Hawar, moaie kâns om nochris skamteleas reklame te meitsjen foar:

Heart - Mistral Wind (live in Seattle, 2002)

Afbeelding
Mmmm. Se binne noch altyd on tour. Jûn te sjen yn Cincinnati, letter dit jier yn Nij Seelân en Australie, mei Def Leppard.

De Fryske Facebook Revolúsje

Afbeelding
Ja, der is wat geande minsken. Nei yngreven analisearjen fan in stikmannich opinystikken skreaun troch de crème de la crème fan de Fryske skriuwerij, bin ik om. Facebook is it nije biedwurd. Kranten en omroppen dogge te min oan reklame meitsjen, tiidskriften steane ûnder druk, dus dan sels mar los. Merkundersyk hat opsmiten dat je earst in soad freonen ha moatte, dit om it oaljeplak grutter te meitsjen. No hie ik in stik as 5000 minsken útnoege, mar doe sei Feestboek dat ik fan it net ôfmitere wurde soe as ik ek noch mar ien doarde oan te klikken. Dus pas op de plaats. Mar it begjin is der, en ik ha der grutte ferwachtings fan. Mei nei oanlieding fan al dy troch matsjedoaren opstelde stikken, fansels. Tank dêrfoar. De kommende tiid sil dizze foto dus geregeld te sjen wêze. Oer fierdere statezjy bin ik yn oerlis mei de meast snelle jonges dy't in pear miljard yn it jier omsette. De iene hjit B. Gates. Dat stie op syn kaartsje. Koe de...