Water under the bridge yn 2030

It jier 2030 liket yn de eagen fan in soad planmakkers in hillich jier. Foar it gefoel is der noch in wrâld oan tiid om de meast ideologyske fiersichten te betinken, út te wurkjen en te realisearjen. Dat is net sa. 2030 is by wize fan sprekken oaremoarn. Oer in pear moannen is it 2022, dus noch mar twa bestjoersperioaden en it is safier. De kliuw tusken de Rânestêd en de fly-over gebieten yn de rest fan Nederlân waard dizze wike wer in kear hiel skerp delsetten troch de Volkskrant. Dy krante dy’t yn al syn wiisheid al stoppe is mei it besprekken fan auto’s dy’t net elektrysk oandreaun binne. Ik freegje my wolris ôf oft se op de redaksje fan dy krante wol troch ha yn hokker tiidframe we dat sette moatte. Foarbyld: In dei as wat lyn stie yn de krante dat der op grutte skeal fersmoarge benzine nei Afrika ferhannele wurdt. Omdat se dêr net sa nau sjogge as hjir. Dêr ride se noch fleurich mei út Europa eksportearre fersmoargjende auto’s dy’t hjir yn gu...