Posts

Mein Friesland

Justermiddei seach ik him noch sitten yn in tsjerke. It skynt dat er jûns DKV wer yn in tsjerke wie. Lokkich wie ik dêr net, mar doe't ik fannemoarn de earste digitale side fan it klupblêd fan Ljouwert en omkriten omsloech, foel my it each op in krantekop. En ja hear, dêr wie it wer ris safier, De syktocht nei de echte Fries hie it safolste ferfolch krigen yn Huzum, Leeuwarden. No net echt it plak dat him de lêste tiid as briedplak foar... Ach lit mar. Aans wurdt Cornelis van der Wal lilk en dat moatte wy net ha. In oantal saken yn it artikel binne eins te banaal om te neamen, mar neffens in tige ferneamd dichter liftet Stikelstekker allinnich mei as der in rel is, dus toe mar. Sjoch, dat je miene de Friezen ûnderskiede te kinnen tusken guon dy't wol as net baltsjeferdriuwe, seit al wat oer it nivo fan de jûn yn de tsjerke yn de Hoofdplaats. Dyselde tsjerke dêr't se ek al miene om Rink ûntearje te moatten troch in Bokwerder yts te organisearjen, It nivo is dus dramatysk...

Uit de Leeuwarder Courantapp van januari 2020

Afbeelding
LEEUWARDER COURANTAPP 21 JANUARI 2020 Tientallen Friese schaatsers beboet Politieactie handhaving helmplicht Politie in het uitgestorven Bartlehiem Leeuwarden/Bartlehiem-   Bij e en grootscheepse controle van politie Noord Nederland op het CDA kunstijs tussen het verlaten Noord Nederlandse gehucht Bartlehiem en de voormalige Friese stad Dokkum heeft de politie tientallen boetes uitgedeeld. Tijdens een persconferentie in de Noord Nederlandse hoofdstad Groningen gaf politiewoordvoerder Haiko van Hogeland aan dat de handhaving in het westelijke deel van landsdeel Noord Nederland de hoogste prioriteit blijft houden. 'Het verplicht een helm dragen blijft nog steeds een hardnekkig probleem onder de voormalige Friese bevolking,' aldus Hogeland. Hij had geen goed woord over voor de massale burgerlijke ongehoorzaamheid. 'We hebben de laatste jaren grote stappen gezet om vanuit het Groningse de juiste mores in onze provincie te pompen, maar de westkant van het Noord...

It ferhaal fan de klompen

Afbeelding
Niis seach ik op facebook in plaatsje fan in pear skuon. Dy wienen te lyts en no yn de oanbieding. Foar wa't se ha wol, efkes maile, dan soarget de redaksje fan Stikelstekker foar de kontakten. It binne kreaze brune healhege learskes. Lelly Kelly. Maat 35. Oant safier de reklame. No efkes in nuveraardich barren. As it kin, rin ik op klompen. Swarte of giele. Houten. Dy dingen sitte lekker en jo ha nea kâlde of waarme fuotten. Ideaal oan de fuotten. Mar se ha wol de gewoante dat se slite. Op in gegeven momint begjint de soal te bewegen en dan witte jo wol hoefier't it is. Tiid foar in pear nije. Ik gean dan nei Nij Beets en helje dêr moaie glimmende nije klompen. Bin der de earste dagen sunich op, want se binne sa moai dat je der sneins wol mei nei de preek kinne. Nei in dei as wat is dat oer, dan binne se wer foar it brûken. Klear. Oant safier gjin nijs. Ik hie op twitter frege hokker kleur ik dizze kear keapje soe, it waarden swarte. Foto der by en myn folgers wer blii...

De zon heeft het zwaar, nu nu...

Bêste minsken. Wy krije stoarm. It liket wreed. O, de wynfjilden lykje alwer wat minder swier as dat ynearsten soe, mar dochs. Dit is foar alle buroredakteuren reden om jim mei giele, reade en oranje koades en ek mei oerstallige reportaazjes dwers te sitten. Der wie sels in boskwachter op dy't sei dat der wolris in takke út in beam waaie koe. Dat wist de sjoernalist grif net, want op de klaai ha ze gjin bosk.   Hoe dan ek, it is oppassen. De berjochten út de risikoleaze MIENSKIP. Ik wit net hoe't it mei jim is, mar ik bin der sa freeslik strontsiik fan. Al dy berjochten. Al dy overkill. Dat we in swiere spits ha. Dat we winterbannen regelje moatte. Dat it hurd waaie sil en dat we dan mar net yn de bosk komme moatte. De brainwash fan oerheden oer dit en sus en sa. Wy ferwurde ta in folk dat nei Amerikaansk foarbyld net mear neitinke hoecht, inkel claime mei as se mient dat immen har warskôgje moatten hie foar in ôfwaaide takke. En noch ien kear, Piet Paulusma, de si...

14 jier hockey in twa foto's

Afbeelding
Op twitter kaam ik in foto tsjin fan twa broers. De foto is makke yn it jier 2000. Op de foto dêrûnder is te sjen hoe't de mannen der no útsjogge. Klupmannen Henrik en Daniel Sedin. Vancouver Canucks. Dit is 14 jier hockey op it heechste nivo yn twa foto's. Wa't se útelkoar kin, wint de feestsigaar.  

'De helaasheid der stumpers 2.0'

Afbeelding
Efkes in bloch ûnder it kopke: 'De helaasheid 2.0' Foarôf twa ta de saak dwaande saken: 1: It is oktober en der moat noch meand wurde. 2: It is moarns wiet en dan wol der wolris wat ûnder de meanmasine hingjen bliuwe. Goed. Oant safier de inleidende beschietingen. De sutelaksjes fan Stifting Tsjil binne foar 2014 skiednis. Tank oan alle minsken dy't it mei mooglik makke ha, it is geweldich. Dit hat op it earste gesicht net folle mei it boppesteande te krijen, mar skyn bedriget. As jo sutelje en mei wat gelok in soad boeken ferkeapje, komt der ûnûntkomber jild binnen. Dat is in fêststeand feit. Dat jild sil op in net neier te neamen stuit nei de bank moatte. Dêr ha se yn it mondaine Drachten in pear fan. Rabobanken, bedoel ik. Op in ûnlijich yndustriepark oan de Grinzer kant fan Drachten, net in plak dêr't jo je daliks thúsfiele, stiet it haadkantoar. Yn dat kantoar stiet in ultra modern ding dat automatysk jild telle kin. Papier en munten. Treflik. Samar kle...

Jeen

Der hat in tiid west dat ik kondysje hie en aardich reedride koe. Dat is lang lyn. As je de maratonmannen fan no fleanen sjogge is 1985 in ein werom. Want dy tiid ha ik it oer. Wy wennen yn Oranjewâld, mar pake Jan wenne oan de igge fan it Haskerwide. (Het Nannewijd voor de importfriezen) Hie it nachts in dei as wat knap ferzen, namen wy efkes kontakt op mei pake om te hearren oft der al guon op it Wide wienen. En dan skeaten wy dy kant ek út. Oer de Vogelzang, as it noch net oan it Feen trochbryfke wie dat se 'schaatsen konden op het Nannewijd bij Oudehaske', riden je hast oan it iis ta. Der wie altyd in ploech fêste riders. Dy koenen hurd. Maratonfolk, ik koe se fan de krante en sa no en dan TV bylden. My is it measte bybleaun dat je harren hast net hearre koenen. Se streken technysk sa goed, dat it hast gjin lûd joech. Dêr ha ik in soad op oefene, mar dochs kraste it by my altyd. No noch. Wy riden in pear rûntsjes en waarden kear op kear ynhelle troch dy flugge mannen. H...