Mein Friesland

Justermiddei seach ik him noch sitten yn in tsjerke. It skynt dat er jûns DKV wer yn in tsjerke wie. Lokkich wie ik dêr net, mar doe't ik fannemoarn de earste digitale side fan it klupblêd fan Ljouwert en omkriten omsloech, foel my it each op in krantekop. En ja hear, dêr wie it wer ris safier, De syktocht nei de echte Fries hie it safolste ferfolch krigen yn Huzum, Leeuwarden. No net echt it plak dat him de lêste tiid as briedplak foar... Ach lit mar. Aans wurdt Cornelis van der Wal lilk en dat moatte wy net ha.

In oantal saken yn it artikel binne eins te banaal om te neamen, mar neffens in tige ferneamd dichter liftet Stikelstekker allinnich mei as der in rel is, dus toe mar. Sjoch, dat je miene de Friezen ûnderskiede te kinnen tusken guon dy't wol as net baltsjeferdriuwe, seit al wat oer it nivo fan de jûn yn de tsjerke yn de Hoofdplaats. Dyselde tsjerke dêr't se ek al miene om Rink ûntearje te moatten troch in Bokwerder yts te organisearjen,

It nivo is dus dramatysk. Sterker, in ek al yn twa tsjerken op ien dei oanwêzich wêzende beropsfries miende (neffens it artikel, it stiet yn de krante en dus is it sa) dat de stêd Grins de fijân wêze soe fan de Friezen. No, mei sokke Friezen ha wy dy Grinzers echt net nedich, hear. Wy soargje der sels wol foar dat we fierder en fierder yn it near komme.

De slimste passaazje yn it artikel gie oer de moard op in fanke hjir yn de Wâlden. De hear Van der Hoek, wêrfan't op de sosjale media troch nammegenoaten daliks ôfstân naam waard, miende wat peper yn de diskusje smite te moatten troch it Wâldfolk te fergelykjen mei Hanzers. Dat de minsken dêr direkter wêze soenen.

Miskien is dat wol sa. Dy diskusje sil my woarst wêze. Mar dat er de goare lef hie om te stellen dat yn Harns de saak Vaatstra wol earder oplost west hie. Sjoch dan is it wol klear. Krekt as soe de kultuer en it folk yn Harns sa wêze dat dêr gjin Jasper S. tusken sit.

Gruttere bollestront ha ik noch nea heard.

En ik nim oan dat se dêr nei de jûn yn de doarpstsjerke fan Huzum folslein yn de neitins fan Rink sein ha: Ook de rest van de gaarkomst verliep in een goede sfeer.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen