'De helaasheid der stumpers 2.0'

Efkes in bloch ûnder it kopke: 'De helaasheid 2.0'

Foarôf twa ta de saak dwaande saken:
1: It is oktober en der moat noch meand wurde.
2: It is moarns wiet en dan wol der wolris wat ûnder de meanmasine hingjen bliuwe.

Goed. Oant safier de inleidende beschietingen.

De sutelaksjes fan Stifting Tsjil binne foar 2014 skiednis. Tank oan alle minsken dy't it mei mooglik makke ha, it is geweldich. Dit hat op it earste gesicht net folle mei it boppesteande te krijen, mar skyn bedriget.

As jo sutelje en mei wat gelok in soad boeken ferkeapje, komt der ûnûntkomber jild binnen. Dat is in fêststeand feit. Dat jild sil op in net neier te neamen stuit nei de bank moatte. Dêr ha se yn it mondaine Drachten in pear fan. Rabobanken, bedoel ik. Op in ûnlijich yndustriepark oan de Grinzer kant fan Drachten, net in plak dêr't jo je daliks thúsfiele, stiet it haadkantoar. Yn dat kantoar stiet in ultra modern ding dat automatysk jild telle kin. Papier en munten. Treflik. Samar klear. Hjoed hie it apparaat wat krupje oan de ja-knop, mar dan noch is it in wûnderding.

Wêr bliuwt dy helaasheid 2.0 no? Efkes wachtsje, komt der oan.

Myn frou en ik ha tegearre nei de bank west. Omdat myn magneetstrip wat dwyl yn de holle is. Ek wol sa gesellich, mei syn twaën is sa'n aaklich yndustriepark better te fernearen.

Hjoed, bêste minsken, ha wy wat sjoen. Twa folwoeksen mannen, dy't net op it plak sieten dêr't se sitte moasten. Se wienen bûtendoar. En oan harren klean en dwaan en litten wie te sjen dat se dat net gewoanwei dogge. Bûtendoar wêze, bedoel ik. Dizze grif tige gelearde eksimplaren stienen mei in mobile telefoan op eachhichte nei in stikje krekt meand gerslân te sjen. In stikje dat farsk meand wie. Dat kin ik sjen, want ik bin alle dagen bûtendoar en wit krekt hoe't soks der út sjocht.
Se, de kantoarmannen, makken in foto. En se liken tige ienriedich yn harren ôfkar fan wat se seagen. Dêr soenen sy wol efkes mei rêde.

Ik skat dat it oere nei dy tiid net produktyf west hat yn it grif tige wichtige k.tbedriuwke dêr't de hearen grif tige hurd wurkje.

Stumper ien wiisde stumper twa op in slim fergryp en makke der in foto fan. Doe draaiden se harren om, wat huverich, want net wend om sa lang bûtendoar nei in slim fergryp te sjen. Se setten de stap der yn, nei harren ergonomysk k.tkantoar, mei ergonomyske k.tstuollen om mei harren ergonomysk tige goed trochtochte k.ttelefoan de baas fan de held fan de dei op te beljen en him it mannewaar op te sizzen. Dy held fan de dei wie, fier foardat stumper en stumper yn harren ergonomyske k.tauto's nei harren k.twurk ta kaam wienen, al drok west en hie it stikje berm foar it k.tbedriuw fan stumper en stumper der noch in kear kreas ôf joetst. Sa moai as wat. Neffens alle normaal tinkende minsken.

Mar net neffens stumper en stumper. Der leine twa bultsjes gers. Mei it bleate each amper te sjen. Dy wienen ûnder it meanblêd fan ús held fan de dei wei fallen omdat it moarns, as stumper en stumper noch op harren ergonomyske k.tbêden lizze te stjonken, noch damp is en der wolris wat ûnder de meaner plakken bliuwe wol.

Dêr ha hjoed yn Drachten, flak by de Rabobank, twa minsken melding fan makke. Fan twa bultsjes gers.

Ik ferwachtsje passende maatregels.

Dat wie him. De helaasheid 2.0   


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen