It ferhaal fan de klompen

Niis seach ik op facebook in plaatsje fan in pear skuon. Dy wienen te lyts en no yn de oanbieding. Foar wa't se ha wol, efkes maile, dan soarget de redaksje fan Stikelstekker foar de kontakten. It binne kreaze brune healhege learskes. Lelly Kelly. Maat 35.

Oant safier de reklame.

No efkes in nuveraardich barren. As it kin, rin ik op klompen. Swarte of giele. Houten. Dy dingen sitte lekker en jo ha nea kâlde of waarme fuotten. Ideaal oan de fuotten. Mar se ha wol de gewoante dat se slite. Op in gegeven momint begjint de soal te bewegen en dan witte jo wol hoefier't it is. Tiid foar in pear nije. Ik gean dan nei Nij Beets en helje dêr moaie glimmende nije klompen. Bin der de earste dagen sunich op, want se binne sa moai dat je der sneins wol mei nei de preek kinne. Nei in dei as wat is dat oer, dan binne se wer foar it brûken.

Klear. Oant safier gjin nijs. Ik hie op twitter frege hokker kleur ik dizze kear keapje soe, it waarden swarte. Foto der by en myn folgers wer bliid fansels. (smiley)
Nei in pear minuten rinnen op myn nije klompen krige ik it idee dat der wat net doogde. It fielde oars as oars. Ik tocht: Dat sil wol oan my lizze. Nij guod, dus efkes wenne. Mar in dei as wat letter krige ik lêst fan it krop, dus der wie echt wat loos. De linker wie in maat lytser as de oare. Stjerrende wier. No, dat rint moai beroerd, kin ik jo melde.

Dus efkes nei Nij Beets en klear. In pear oaren en alles is wer prima. Allinnich de kleur is feroare. Ik ha no wer giele...

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen