dinsdag 21 oktober 2014

De zon heeft het zwaar, nu nu...

Bêste minsken.

Wy krije stoarm. It liket wreed. O, de wynfjilden lykje alwer wat minder swier as dat ynearsten soe, mar dochs. Dit is foar alle buroredakteuren reden om jim mei giele, reade en oranje koades en ek mei oerstallige reportaazjes dwers te sitten. Der wie sels in boskwachter op dy't sei dat der wolris in takke út in beam waaie koe. Dat wist de sjoernalist grif net, want op de klaai ha ze gjin bosk.
 
Hoe dan ek, it is oppassen. De berjochten út de risikoleaze MIENSKIP.

Ik wit net hoe't it mei jim is, mar ik bin der sa freeslik strontsiik fan. Al dy berjochten. Al dy overkill. Dat we in swiere spits ha.
Dat we winterbannen regelje moatte.
Dat it hurd waaie sil en dat we dan mar net yn de bosk komme moatte.
De brainwash fan oerheden oer dit en sus en sa.

Wy ferwurde ta in folk dat nei Amerikaansk foarbyld net mear neitinke hoecht, inkel claime mei as se mient dat immen har warskôgje moatten hie foar in ôfwaaide takke.

En noch ien kear, Piet Paulusma, de sinne hat it net swier. Der is neat mis mei de sinne. It kin wêze dat der wat wolken foardel driuwe, mar de sinne hat it net swier.  

1 opmerking:

  1. As Pyt Paulusma erkent dat de sinne bestiet, dan hat er op itselde stuit gjin baan mear. Gun dy man in stoarmke as twa, trije om myn part.

    BeantwoordenVerwijderen