Posts

Drachten en de keapsneinen

Afbeelding
De kommende fjouwer jier gjin keapsneinen yn Drachten. Dat is ien fan de kompromissen dy't út de ûnderhannelings foar in nij kabinet alhier te Smallingerland kaam binne. Net sa nuver as de CU der by sit, fansels. Mar wat betsjut soks no? Keapsneinen binne yn it libben roppen om mear jild binnen te heljen. Neat gjin nobele gedachten fan minsken better te betsjinjen, dat kinne jim daliks wol ferjitte. Nimmen giet foar de lol op snein iepen, it is gewoan in jildkwestje. Mar jo kinne dy euro mar ien kear útjaan. Dus as jo fan doel wienen in nij bankstel te keapjen kin dat ek op sneon. Klear, dyselden dy't soks op snein dwaan wolle is my wol goed, allinnich kinne se dan net yn Drachten te plak. It mei net fan de gemeente. Atheïsten dy't út prinsipe allinnich ûnder tsjerketiid nei de Aldi wolle, komme yn Drachten foar de tichte doar. Jo kinne oars kwa tsjerken te kust en te keur, dêr is neat mis mei. It nije Raadhuisplein is ûnderoare útfierd mei in parkearkelder. Dy wie ...

Winter.

Sûnt ein febrewaris oan it meanen. Sûnt ein febrewaris op guon plakken 4 kear ûnkrûd spuite. Sûnt ein febrewaris midden-yn de simmer bedarre. Sûnt ein febrewaris ûnwennich fan eat dat der net west hat.  Sûnt ein febrewaris mar nocht oan ien ding. Winter.

Bloch fan hjoed

O ja, it bloch fan hjoed stiet HJIR .

Meidieling

Dit hie de dei wurde moatten dat wy mei de band downtown Drachten optrede soenen. Hie, want it giet oer. En dat is skande, mar as de sjongeres siik is, kinne jo dêr neat oan dwaan.  

Ja, dat is een goed stel, hoor!

Afbeelding
De folgjende tekst komt streekrjocht fan de side fan de Drachtster Krante. Teminsten, dêr is er publisearre...  BOORNBERGUM – Blije gezichten bij het team van OBS De Finneblom in Boornbergum. De school mag zich na het bezoek van de visitatiecommissie Daltononderwijs vanaf heden Daltonschool noemen. Hiervoor is in de afgelopen jaren veel werk verzet, maar nu mag de vlag uit op de bloeiende dorpsschool onder de rook van Drachten. Keuzevrijheid en zelfstandigheid Daltononderwijs kenmerkt zich door de keuzevrijheid van de leerlingen, de samenwerking met andere leerlingen en de ontwikkeling van zelfstandigheid. De voorzitter van de commissie roemde de sfeer, het pedagogisch klimaat, de goede opbrengsten en het enthousiasme en betrokkenheid van het team van OBS De Finneblom en noemde de school een mooie aanwinst voor het Daltononderwijs. Finneblom twee van Fryslân RTL Nieuws plaatste in een onderzoek naar basisonderwijs in november 2013 De Finneblom al op de tweed...

Prioriteiten?

Afbeelding
Plysjemacht by nukleêre top Den Haag Witte jim it noch? In wike as wat lyn feroare Den Haag yn oarlochsgebied omdat der in soadsje wrâldlieders op besite kamen. Se hienen in grut oantal fotomominten en neffens guon ha se ek noch oer nukleêr guod praten. Guod dat de wrâld ferneatigje kin. Alles waard yn wurking setten om Obbema en syn maten te beskermjen. Klear. Hjoed stiet yn de krante dat der oer 30 jier gjin fisk mear yn de oseaan swimme sil as der no net wat oan de oerbefisking dien wurdt. 500(!) ministers, wittenskippers en miljeuekspêrs binne yn Den Haag om miskien wol oan de rêding fan de wrâld te wurkjen. Ha jo der wat fan fernaam? Is Den Haag in festing wurden omdat der oer de takomst fan in libbensbehoefte praten wurdt? As it om oandacht giet: It blykt dus mar wer dat de polityk fan de driging it wint fan de minsken dy't besykje om oer 100 jier noch in stikje iten fine te kinnen. Adrenaline ynstee fan refleksje. Wat sei? Ach, it is net sa dreech. Der binne gewo...

Wolf en zwaangans

Afbeelding
Wolf Ik tocht echt dat it in grap wie. Yn in opperste poging dochs wat minsken nei dy útbuorren te krijen ha in pear wanhopige Grinzers in opstoppe poat fan in wolf yn de fette Grinzer klaai drukt en no mar swetse en sweare dat der in wolf wêze kin. Alle wolfspotters nei Drieborg. Dat leit tsjin de Dútske grins oan. Se ha 350 minsken sa gek krigen om dêr te wenjen en as iennichste foardiel kinne wy melde dat je goedkeap tenke kinne, flak oer de grins mei it lân dêr't se leaver hjoed as moarn by hearre wolle. En o ja, der steane grutte hinnehokken fol mei slachtpiken. Mear hoege jim net oer Drieborg te witten, want mear is der net oer te melden. Ik leau dan ek perfoast net dat der ea in wolf sa gek wêze sil om nei Drieborg ta te gean. Mar it kin alle kanten út yn dit libben, minsken. Ik miende echt dat it in grap wie. Ha jim wolris fan in 'Zwaangans' heard? Dy lei njonken dy ôfdruk fan dy opstoppe wolvepoat. Kroandea, en, sa't de krante skreau, 'Het bot was...