Wolf en zwaangans

Wolf
Ik tocht echt dat it in grap wie.

Yn in opperste poging dochs wat minsken nei dy útbuorren te krijen ha in pear wanhopige Grinzers in opstoppe poat fan in wolf yn de fette Grinzer klaai drukt en no mar swetse en sweare dat der in wolf wêze kin. Alle wolfspotters nei Drieborg. Dat leit tsjin de Dútske grins oan. Se ha 350 minsken sa gek krigen om dêr te wenjen en as iennichste foardiel kinne wy melde dat je goedkeap tenke kinne, flak oer de grins mei it lân dêr't se leaver hjoed as moarn by hearre wolle. En o ja, der steane grutte hinnehokken fol mei slachtpiken. Mear hoege jim net oer Drieborg te witten, want mear is der net oer te melden. Ik leau dan ek perfoast net dat der ea in wolf sa gek wêze sil om nei Drieborg ta te gean.

Mar it kin alle kanten út yn dit libben, minsken. Ik miende echt dat it in grap wie.

Ha jim wolris fan in 'Zwaangans' heard? Dy lei njonken dy ôfdruk fan dy opstoppe wolvepoat. Kroandea, en, sa't de krante skreau, 'Het bot was zo heftig gebroken... ' (LC)
No, ju. In heftich brutsen bonke. Hoe hienen de hearen Grinzers dat yn 't sin? Dus, al mei al tocht ik dat ien april op 22 april foel dit jier.

Dochs mar efkes omke google der by. Jo wolle goed wurk leverje, no? Zwaangans... Ferdomd, it bist bestiet en der binne sels plaatsjes fan. Op ynternet, dus is it sa.

Ik tocht daliks oan in wyld aventuer tusken in goes en in swan. Miskien in widner en in weduwe dy't treast byelkoar sochten, jo witte it net. En dat der sa zwaanganzen op de wrâld kamen. Sa as muilezels en muildieren.
Jo koenen dus yn dat ramt ek tinke oan ganszwanen, mar krekt wêr't it ferlet wei kaam. Gjin idee. 

Mar fout, hear. Allegearre fout. De swangoes bestiet. It is in saneamde eksoat. Normaal komt er foar yn Mongoalië. Hoe't sa'n bist dan njonken in ôfdruk fan opstoppe wolvepoat yn Drieborg komt mei in 'heftig gebroken bot' is noch in fraach dy't hingje bliuwe kinne soe. Mar ik soe der net te lang mei omrinne as ik jim wie.

Gjin wolf
Wol is it sa dat as it op wolven en zwaanganzen oankomt, de komkommertiid elts jier earder begjint.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'