woensdag 23 april 2014

Prioriteiten?

Plysjemacht by nukleêre top Den Haag
Witte jim it noch? In wike as wat lyn feroare Den Haag yn oarlochsgebied omdat der in soadsje wrâldlieders op besite kamen. Se hienen in grut oantal fotomominten en neffens guon ha se ek noch oer nukleêr guod praten. Guod dat de wrâld ferneatigje kin. Alles waard yn wurking setten om Obbema en syn maten te beskermjen. Klear.

Hjoed stiet yn de krante dat der oer 30 jier gjin fisk mear yn de oseaan swimme sil as der no net wat oan de oerbefisking dien wurdt. 500(!) ministers, wittenskippers en miljeuekspêrs binne yn Den Haag om miskien wol oan de rêding fan de wrâld te wurkjen. Ha jo der wat fan fernaam? Is Den Haag in festing wurden omdat der oer de takomst fan in libbensbehoefte praten wurdt?

As it om oandacht giet: It blykt dus mar wer dat de polityk fan de driging it wint fan de minsken dy't besykje om oer 100 jier noch in stikje iten fine te kinnen. Adrenaline ynstee fan refleksje.

Wat sei?

Ach, it is net sa dreech. Der binne gewoan in miljard as wat minsken tefolle. As it sa trochgiet frette dy elkoar skylk op en is it wer werom by ôf. Dan dondert de CO2 útstjit nei ûnderen en komme der wer hiele lytse organismen dy't in miljoen jier letter transformearre binne ta dingen dy't neitinke kinne moatte soenen. Ik hoopje dat de útfiering fan dy lju dan sa wêze mei dat as der oer ferneatiging en itensfoarsjenning praten wurdt, de lêste groep foarrang krijt. 

1 opmerking:

  1. dêr't neat is ferlieze nukleêren harren rjocht

    BeantwoordenVerwijderen