Drachten en de keapsneinen

De kommende fjouwer jier gjin keapsneinen yn Drachten. Dat is ien fan de kompromissen dy't út de ûnderhannelings foar in nij kabinet alhier te Smallingerland kaam binne. Net sa nuver as de CU der by sit, fansels. Mar wat betsjut soks no?

Keapsneinen binne yn it libben roppen om mear jild binnen te heljen. Neat gjin nobele gedachten fan minsken better te betsjinjen, dat kinne jim daliks wol ferjitte. Nimmen giet foar de lol op snein iepen, it is gewoan in jildkwestje.

Mar jo kinne dy euro mar ien kear útjaan. Dus as jo fan doel wienen in nij bankstel te keapjen kin dat ek op sneon. Klear, dyselden dy't soks op snein dwaan wolle is my wol goed, allinnich kinne se dan net yn Drachten te plak. It mei net fan de gemeente. Atheïsten dy't út prinsipe allinnich ûnder tsjerketiid nei de Aldi wolle, komme yn Drachten foar de tichte doar. Jo kinne oars kwa tsjerken te kust en te keur, dêr is neat mis mei.

It nije Raadhuisplein is ûnderoare útfierd mei in parkearkelder. Dy wie der ek al, himelsbreed op 100 meter, skat ik, mar no dus noch ien. Gefolch fan dat betelle parkearjen is, dat as der in roustoet it Suderhôf op wol, dit soms mar krekt slagget. Hoe kin dat? No, healwei de Boargemaster Wuitewei hâldt it betelle parkearjen op. Dus de froulju dy't yn de winkels yn it sintrum wurkje, trimme dat eintsje efkes, wêrtoch't se fergees parkearje kinne. Soe ik ek dwaan as ik harren wie. Wurkje foar de parkearmeter kin altyd noch, no?

Neffens my sjit Drachten himsels yn de foet mei it betelle parkearjen yn it hiele sintrum. Gean mar nei, om Drachten hinne lizze Burgum, Surhústerfean en De Gordyk. Dêr binne ek alle winkels, net yn sokke grutte oantallen, mar as jo dat neat útmakket is de kar foar ien fan dy plakken samar makke. Jo kinne oan de doar ta ride, fergees parkearje.

Wêr yn Drachten is it drok? By de Appie Heijn oan de Kletten, of de Noarderhegewei sa as jo wolle. De heale Pein giet der hinne, is my ferteld. Oan de Marten Luther King Boulevard is it ek drok. Hoe nuver is dat? Fergees parkearje. Dus net nuver.
Foar de gewoane dingen wolle minsken net betelle parkearje. De winkels yn it sintrum fan Drachten krije de broek der oan fol om klanten te lûken. As De Gordyk, Burgum en Surhústerfean tûk binne, en wêrom soenen se dat net wêze, want se lizze yn de Wâlden, dan krijt Drachten in grut probleem.

It is opbouwende krityk, nij kolleezje fan BenW. Net daliks yn de gerdinen fleane. En as jimme dan dochs dat betelle parkearje trochsette wolle, soe it dan oant foarby de yngong fan it Suderbegraafplak kinne? 

Jo kinne yn Drachten wol ien dei yn de wike fergees parkearje. Jim riede it al, tink? Op snein.   

 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen