Blauwe Sjoerd Neffens in soad minsken wie blauwe Sjoerd in singelier man. Hy kaam út de Stellingwerven en wie fiskerman, teminsten, foar dat er fan Drees krige. It praat oer Sjoerd en de fiten dy’t er úthelle koe op sneontemiddei, by âlde Goatse oan de stamtafel, ta grutte hichten gean. Dat gie salang troch oan ’t dominy syn wyklikse slokje helle. Jo moatte ek dominy foar de stamgasten wêze is ’ t net sa? Dominy hat nea weet hân fan de grutte wille dy’t, as it praat op Sjoerd kaam, de minsken oer him hienen. Dominy wie deun, en dan druk ik it sêft út. Hy hie wol in falsk gebit en een brike noas, mar dêroer letter mear. De iene wike wie de oare net. As it stamfolk royaal út ’e hoeke kaam, wie der in basis foar in soad drank en wille. Goatse stjoerde it wiif nei it hinnehok en de seane aaien leine it fûnemint. Dominy naam ien slokje, teminsten, hy betelle ien. Mear moast er eins ek net ha, sjoen de preek fan de oare dei. Mar de stamgasten wisten fan de âlderlingen ...