Posts

Stoarmskea

It is alwer in dei as wat lyn dat ik hjir wat skreaun ha. Soks is net sa dreech út te lizzen: Drokte. En dan foaral nei de stoarm fan in dei as wat lyn. De moarns hie ik in rûntsje dien en like alles aardich rêstich te ferrinnen, mar doe't om in oere as âlve de wynkraan iepen gie, wie it nei oardel oere in hiel oar ferhaal.  Tsjin tolven stie ik efkes bûtendoar, de wyn helle mar oan en nochris en nochris, dan sjogge jo mar wer ris dat wy lytse popkes binne dy't as de natuer him oppenearret hielendal neat yn te bringen ha. Dan kinne jo de Libor rinte nei jo hân sette, as het nypt en wedernypt waaie jo fan de sokken. Middeis, doe't de wyn him wat deljoech, ha ik my letterlik rjochting Drachten seage. In oantal beammen hong oer de dyk en allinnich troch der wat tûken ôf te heljen koe ik wer fierder. Lokkich wienen der gjin beammen op stiennen fallen, dat wie op oare plakken wol oars. Mar wat in troep ha je dan. De ôfrûne dagen ha ik oars net dien as opromje. En ek noch ferg...

Gifgas

Soms is it efkes better om net te sizzen wat je fine. In tal foarbylden: Wy ha it nije Fries Museum besjoen.  Dêr sil ik neat oer sizze. Alteast, no noch net. Der komt grif in momint dat ik it oer it swurd... Nee, ik sil neat sizze. Bûtendoar waait it wat. Net dat de blêden no fan de beammen falle, mar dochs bewege de tûken. Sil ik ek neat oer sizze. Net oer koade... Nee, lit mar. Stilte. In wurd dêr't je ek wat oer sizze kinne soenen, mar dat doch ik net. Silst no ek wat sizze, dan? Okee. Ut Noard Koreaanske testen docht bliken dat as jo in gesin fan in heit, mem en in pear bern yn in glêzen koai sette en dy koai fol rinne litte mei gifgas, dy famylje oars reagearret as wannear't jo der fjouwer folsleine frjemden yn sette. It docht bliken dat de heit en de mem by de bern bliuwe en net tsjinsteande it feit dat se koarje yn harren deastriid dochs besykje de bern mei beademjen yn it libben te hâlden. Frjemden krûpe yn in hoekje. In noflike dei fierder. 

Ferwizing

It bloch fan hjoed stiet hjir en hjir . Beide mei in moaie foto der by!

Oude neger doet gokpaleizen de das om

Afbeelding
Vrijdag 24-10-2013 Leeuwarder Courant Gokstad in ban van dicriminatieschandaal Shutdown Las Vegas Van onze buitenlandredactie LAS VEGAS-   De casino’s in gokparadijs Las Vegas hebben op last van de VN gisteravond hun deuren gesloten. Dit naar aanleiding van de geruchtmakende zaak die Familieleden van Black Jack verlaten de rechtszaal door een negroïde Amerikaanse man is aangespannen. De man, die claimt 102 jaar oud te zijn, staat in zijn thuisstaat Mississippi bekend als Black Jack. Hij wist niet dat zijn naam aan een gokspel was gekoppeld. De zwaar gelovige man riep in de rechtszaal meermalen dat de allerhoogste hem opdracht had gegeven zijn naam te zuiveren. ‘Op geen enkele manier mag mijn naam in verband worden gebracht met heidense spelen, waarbij mensen zich in het ongeluk storten,’ verklaarde de tandeloze, maar overigens nog opmerkelijk fitte veteraan. De regering in Washington zit met de zaak in zijn maag, de VN ontpopt zich steeds meer als waakhond ...

Immen oer de kop koarje

Hjoed goed fjouwer oeren yn de auto sitten en totaal generaal in foech oere yn in rige stien. Wy ha ús fan de útrinners fan de Fryske Wâlden nei it mondaine Wassenaar ferpleatst, krekt as in pear tûzen oaren dy't frijkaarten foar Duinrell wûn hienen. Koart ferslach: Wy waarden troch Tomtom jonges en famkes kreas nei in parkearplak dirigearre. De iene seach noch soerder as de oare, it sil wol net al te goed betelle wurde. Doe't wy troch de hikke wienen, seach ik daliks in freeslike atraksje, wêrfan't ik it fermoeden krige dat ik dêr wolris yn bedarje koe. Junior is dryst en ik wol my (noch) net kenne litte. It wie frijwat om fan yn de broek te skiten, in karke dêr't acht minsken yn pasten, dy't, as se te plak sieten, mei hydraulyske dwangbuizen fêst yn de kuipstuoltsjes parse waarden. En mar laitsjen bliuwe, want jo binne no ienris net foar ien gat te fangen. Doe de beul op in knopke drukte kaam it ding yn beweging. Foar ús doemde in fertikaal part fan de toch...

Sinteklaas

De droechlizzing fan Amerika wie de oanlieding om moonshine te meitsjen. Illegale drank. Cowboys en oar woest folk, djip yn de bosken in stokerij. Gie in macht jild yn om. It ferbieden wurke net, sterker, der kaam in opmars oan krimineel gedrach om dochs in slokje krije te kinnen. Ik bin der histoarysk besjoen ek flak foar om dat achterlike Sinteklaasfeest no mar ris te ferbieden. De keardel bestiet net iens echt, wat is dat no foar grapmakkerij om dy lytse bern it ligen al te learen as se der noch mar krekt binne?  Aanst klimme se op in wyt hynder en jeie it oer de kling omdat it dier it ferhipt om in dak op te riden. Sjoch, jo ha hardliners dy't net akseptearje sille dat de Sint net mear komt. En pas dan wurdt it wer aardich en spannend. Giet de doarpstamtam dat der earne yn in skuorre in Sinteklaas ferskine sil. As in goeroe. Al dy bern mei bekken as skearmessen wurde wer ris echt kjel: 'Mar hy bestie dochs net? De VN hat it dochs ferbean? Dat sei juffer...' 'Ja...

Ljouwert yn de brân

No, no, wat in drokte yn Ljouwert dit wykein. In fûle brân dêr't ien  by om it libben kaam is, dat is net sa bêst. Net foar de neibesteanden en ek net foar de minsken dy't flak foar de tragyske dea noch mei it slachtoffer sprutsen ha. Tink jo dat ris yn, hoe soenen jo de nacht dêrop sliepe? Freeslik. Gjin ferskil fan miening hjiroer, folslein net. Dan hoechst der ek net oer te skriuwen, De Jong. Ho, wachtsje efkes, ik bin noch net klear. Want wêr't ik wol klear mei bin: Al dy lju dy't harren oppenearje as der wat slims oan de hân is. Dy lju, dy't gewoanwei de noas ophelje foar alles dat mei Frysk te krijen hat, de Omrop yn it bysûnder. Neat moatte se fan dy boerske taal ha. En de Omrop is net in turf heech yn harren eagen. Oant it momint dat der in brân is. Dan skeakelje al dy lju samar oer nei de Omrop. En komme der efter dat se dêr ferdomme noch altyd dat domme Frysk prate! Wylst sy, de lju, dochs op de Omrop ôfstimme. It moat net mâlder, sy wolle daliks dat...