Gifgas

Soms is it efkes better om net te sizzen wat je fine. In tal foarbylden:

Wy ha it nije Fries Museum besjoen.  Dêr sil ik neat oer sizze. Alteast, no noch net. Der komt grif in momint dat ik it oer it swurd... Nee, ik sil neat sizze.
Bûtendoar waait it wat. Net dat de blêden no fan de beammen falle, mar dochs bewege de tûken. Sil ik ek neat oer sizze. Net oer koade... Nee, lit mar.
Stilte. In wurd dêr't je ek wat oer sizze kinne soenen, mar dat doch ik net.

Silst no ek wat sizze, dan?

Okee.

Ut Noard Koreaanske testen docht bliken dat as jo in gesin fan in heit, mem en in pear bern yn in glêzen koai sette en dy koai fol rinne litte mei gifgas, dy famylje oars reagearret as wannear't jo der fjouwer folsleine frjemden yn sette.
It docht bliken dat de heit en de mem by de bern bliuwe en net tsjinsteande it feit dat se koarje yn harren deastriid dochs besykje de bern mei beademjen yn it libben te hâlden. Frjemden krûpe yn in hoekje.

In noflike dei fierder. 

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen