Stoarmskea

It is alwer in dei as wat lyn dat ik hjir wat skreaun ha. Soks is net sa dreech út te lizzen: Drokte. En dan foaral nei de stoarm fan in dei as wat lyn. De moarns hie ik in rûntsje dien en like alles aardich rêstich te ferrinnen, mar doe't om in oere as âlve de wynkraan iepen gie, wie it nei oardel oere in hiel oar ferhaal. 
Tsjin tolven stie ik efkes bûtendoar, de wyn helle mar oan en nochris en nochris, dan sjogge jo mar wer ris dat wy lytse popkes binne dy't as de natuer him oppenearret hielendal neat yn te bringen ha. Dan kinne jo de Libor rinte nei jo hân sette, as het nypt en wedernypt waaie jo fan de sokken.
Middeis, doe't de wyn him wat deljoech, ha ik my letterlik rjochting Drachten seage. In oantal beammen hong oer de dyk en allinnich troch der wat tûken ôf te heljen koe ik wer fierder. Lokkich wienen der gjin beammen op stiennen fallen, dat wie op oare plakken wol oars.
Mar wat in troep ha je dan. De ôfrûne dagen ha ik oars net dien as opromje. En ek noch fergadere, mar dêroer in oare kear wol wat. Ik sil no mar efkes op it eigen hiem de grutste bulten blêden, tûken en oar guod opromje. Wie ik noch net oan ta kaam. De goede lêzer snapt wat ik bedoel.

O ja, it hok, dat neffens saakkundige hynstefroulju 10 jier lyn al ynstoarte moatten hie, stiet noch. Net in panne der ôf. De skutting is ek net omwaaid. Stiet ek al jierren op nominaasje. Sels de lichtgewicht plantekas hat gjin krimp jûn.

De blêden oan de beammen ek net. Dat is dan wer spitich.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen