Sinteklaas

De droechlizzing fan Amerika wie de oanlieding om moonshine te meitsjen. Illegale drank. Cowboys en oar woest folk, djip yn de bosken in stokerij. Gie in macht jild yn om. It ferbieden wurke net, sterker, der kaam in opmars oan krimineel gedrach om dochs in slokje krije te kinnen.

Ik bin der histoarysk besjoen ek flak foar om dat achterlike Sinteklaasfeest no mar ris te ferbieden. De keardel bestiet net iens echt, wat is dat no foar grapmakkerij om dy lytse bern it ligen al te learen as se der noch mar krekt binne?  Aanst klimme se op in wyt hynder en jeie it oer de kling omdat it dier it ferhipt om in dak op te riden.

Sjoch, jo ha hardliners dy't net akseptearje sille dat de Sint net mear komt. En pas dan wurdt it wer aardich en spannend. Giet de doarpstamtam dat der earne yn in skuorre in Sinteklaas ferskine sil. As in goeroe. Al dy bern mei bekken as skearmessen wurde wer ris echt kjel: 'Mar hy bestie dochs net? De VN hat it dochs ferbean? Dat sei juffer...'
'Ja, jonkje, mar ferbiede ha se mei safolle dingen dien,' seit heit mei swiere stim. 'Kom mar mei, wy sille sjen oft de VN gelyk hie of dat Sinteklaas wol echt is...'
It bûkemantsje fan fjouwer hat de broek al fol as se noch net iens oan de doar ta binne. Wat kletterjende lûden fan fjouwerjende hynders der by en in swarte Pyt dy't hast blau oanrint, sa swart.

Nei sa'n setting moatte wy wer werom om Sinteklaas nij libben yn te blazen. Sinteklaas yn de illegaliteit. As held foar âlden en skrik foar bern. Neat per definysje leave man, in skimmich figuer dy't lang net oeral ferskynt, mar as er al earne opdûkt, wurdt der noch jierren oer praten. Dy bern moatte net sa pampere wurde. Sa no en dan pikefel fan de skrik is goed. En swarte Pyt moat goed om him hinne reagje mei it biezemriis.

Kadootsjes? Net echt nedich. It krat fol mei fout plestik hoecht net fol. It giet wer om Sinteklaas. In hânfol pipernuten, mear as genôch. En dan rap de bern op bêd, kin it organisearjend kommitee der ien op nimme. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen