Immen oer de kop koarje

Hjoed goed fjouwer oeren yn de auto sitten en totaal generaal in foech oere yn in rige stien. Wy ha ús fan de útrinners fan de Fryske Wâlden nei it mondaine Wassenaar ferpleatst, krekt as in pear tûzen oaren dy't frijkaarten foar Duinrell wûn hienen.

Koart ferslach: Wy waarden troch Tomtom jonges en famkes kreas nei in parkearplak dirigearre. De iene seach noch soerder as de oare, it sil wol net al te goed betelle wurde. Doe't wy troch de hikke wienen, seach ik daliks in freeslike atraksje, wêrfan't ik it fermoeden krige dat ik dêr wolris yn bedarje koe.

Junior is dryst en ik wol my (noch) net kenne litte.

It wie frijwat om fan yn de broek te skiten, in karke dêr't acht minsken yn pasten, dy't, as se te plak sieten, mei hydraulyske dwangbuizen fêst yn de kuipstuoltsjes parse waarden. En mar laitsjen bliuwe, want jo binne no ienris net foar ien gat te fangen.
Doe de beul op in knopke drukte kaam it ding yn beweging. Foar ús doemde in fertikaal part fan de tocht op. Dy fallus stie sa'n tritich meter de loft yn, skat ik. Dêr moasten wy tsjinop. Rjochtstannich nei de himel. En mar laitsjen bliuwe.
Neidat wy tergjend stadich oer de top gienen, wie de frije fal wat ús te wachtsjen stie. En wat dêrnei barde is net sa maklik yn wurden út te drukken. Krijsende froulju, in slach as wat oer de kop en fierder wit ik allinnich noch dat ik graach woe dat it dien wie.

Alles dêrnei foel ta.

Ien fan de atraksjes dêr't jo draaiendewei hinne-en-wer fleagen, waard nei eltse loop kontrolearre om te sjen oft al dy patat en frikadellen der wol yn bleaun wie. By goed rjochtsjen hie ik ien oer de kop koarje kinnen, mar dat leed is ús besparre bleaun.

No't we it dochs oer iten ha: Wy ha jûn Sjineesk helle. Wie lekker.    

Reacties

  1. By wyn út de ferkearde hoeke hie imme dy ek oer dyn kop spuie kint. Dat is ek foaral de reden dat ik der net yn kom. Bytsje hinne en wer slingerje is gjien punt. Mar de lucht fan kots allinnich al.....

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen