PUK-koade
Dramatyske dei hjir juster, minsken. Ien: fet yn de klean fan junior ien. Kin barre. Wat is de stratezjy? Daliks yn in amer mei wetter. En dan mar hoopje dat it plak der wer út giet. Trelit, mar oer te kommen. As it dêr by bleaun wie, hie ik gjin klachten. Maaaarrrr... Twa. Dy amer wetter mei dêryn in stik klean stie yn de baaikeamer. Soks is in goed plak foar in amer wetter mei dêryn in kleanstik, tocht ik dan wer. Fout. Freegje my net hoe as wat, mar junior twa slagge deryn om har Samsung sa te manipulearjen dat er mei in boogje yn dy amer wetter telâne kaam. Net op de hurde tegels, nee, kreas yn dy amer wetter mei dêryn in kleanstik. Algemiene panyk bruts út. De fohn der by. Doe moast heit mar sjen oft er it stikje Koreaanske berne-arbeid wer oan de praat krije koe. Slagge net. Ik moast de PUK-koade yntikje. Nei seis kear seach ik in drip wetter ûnder de SIM-kaart wei kommen. Tsja, dat doe wie it wol helder dat er noch net droech wie. De foarútsjoggen wienen striemin. Twitte...