Drok drok
Drokke wike op kommende wei.
Neist alle gewoane wurk, dat ek trochgiet, in oantal saken om nei út te sjen.
Yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske boek twa kear op de planken, tegearre mei Jaap. Nocht oan.
En sneon fansels nei Drachten, om efter de boekekream te stean. Dat is meastal tige gesellich. Alle útjouwers njonken elkoar op it Frânske pleintje. Moai waar graach.
Snein nei Warkum, om op de ôfsluting fan de moanne wat te fertellen oer De Lêste Trúk. Dan sil ek bliken dwaan wa't de twichtstriid wûn hat, en wa't de winner fan de filmwedstriid is.
Dêrnei fal ik yn it swarte gat. Sjen hoe't we dêr mei omgean sille. Ik hoopje op in betide nachtfroast, dan falle de blêden moai rap fan de beammen. En wat soe ik dan moatte? Ach, der komt grif wol wat. In wike kampearje of sa.

Wat dochst freed?
BeantwoordenVerwijderen