Bûsdoek mei, graach
Juster wie der njonken de film yn Tresoar noch wol wat te rêden op kultureel mêd. Omdat de parse fansels net oeral tegelyk wêze kin, in koarte ympresje.
Yn Drachten wienen Sietse de Vries en Durk van der Ploeg, yn Langwar mocht ik tegearre mei Jaap Louwes in optreden dwaan. Net in literêre jûn, dy namme wol ik graach fan ôf. In Fryske jûn mei muzyk en ferhalen. Neat gjin literêrs oan. Gewoan in noflike jûn, wêryn't je nochris wat oars hearre en sjogge as BNers dy't se fan in dûkplanke triuwe.
Moandei siet ik yn de byb fan It Feen, juster wie der al wat minder flecht op de koai, mar de meiwurkster sei dat Skarsterlân minder kultureel ûnderlein is as it folk yn It Friese Haagje. As ik yn Skarsterlân wenne, soe ik dat net op my sitte litte, mar lokkich kin elts dy't dat wol moarn noch nei de Lemmer komme, want dêr binne Jaap en ik dan ek wer.
As ik de minsken leauwe mei, wie it in moaie jûn. Ik sil net ferklappe wat der sein en spile is, want De Lemmer moat fansels útrinne. Lit se mar komme. Bûsdoek mei, graach.

Reacties
Een reactie posten