Respekt foar de wurdfierder

As ik in papparazzi sjoernalist wêze soe, wie it oanloklik om boppe dit stikje in tendensjeuze kop te setten, mar dat doch ik net. Ik behein my ta wat juster sein is.

In moaie jûn juster yn de byb fan It Feen. As ik goed sjoen ha, in lytse 80 man/frou yn de seal. In jûn oer kriminaliteit. Omropper Auke Zeldenrust, skriuwer Sietse de Vries en plysjewurdfierder Ferdinand Nauta fersoargen it program, Jaap Louwes hie de muzyk yn behear.

Zeldenrust en Nauta besprutsen in oantal slimme saken, en hoe't dêryn de sjoernalist en de plysjeman meielkoar of tsjin elkoar wurkje, de spannings dy't har wolris oppenearje op dat mêd. De iene wol nijs, de oare de saak oplosse. Dat smyt fansels wolris swierrichheden op. Wat kinne je wol sizze, wat better net. Tige nijsgjirrich.

De saak Nij Beets kaam ek oan de oarder. De frou dy't fjouwer poppen yn koffers op souder bewarre. Nauta die ferslach fan hoe't dy saak oan it rôljen kaam. Dat gie sa:

Ut de neiste omjouwing fan Sietske H. komt in melding dat se swier (zwanger) west hat, mar dat dyselde dy't de melding docht, net wit wat der mei de poppe bard is. Sietske wurdt frege om nei it buro te kommen, dêr praat de plysje mei har. Se ferklearret dêr dat de poppe adoptearre is. Neffens Nauta hie Sietske dêr in plausibel ferhaal oer.
Op de fraach oft se ien en oar bewize kin, seit se dat se de papieren thús hat. De resersjeurs, of wa dan ek mar mei har praten ha, litte it hjirby, en stjoere har nei hûs. Ferfolgens geane se trije wiken op fakânsje, en pakke dan de saak wer op. Al fluch docht bliken wat der werklik oan de hân is.

Dit wie foar it skoft. Nei it skoft wie der foar it folk gelegenheid om fragen te stellen. Neist de fragen dy't je wol ferwachtsje, 'Wêrom hat dy en dy presintator by de omrop it hier sa raar,' en mear fan soks, siet ik ek mei in fraach. In fraach oan myn nammegenoat, dy't foar freonen Fred hjit, dêr kaam ik juster ek efter. Hawar.

It siet my net lekker, dat ferhaal oer Nij Beets. Ik frege oan Nauta: 'Yn in gefal wêryn't in poppe fermist wurdt, geane dan net alle alaarmbellen rinkeljen? Hoe is it dan mooglik dat minsken de saak trije wike lizze litte, en op fakânsje gean, sûnderdat se earst dy papieren ûnder eagen hân ha. Is it sa dat jim de urginsje fan de saak net ûnder eagen sjoen ha?'
Antwurd: 'Ja.'

Doe bruts De Vries yn, mei in ferhaal oer plysjes dy't op in freed in lyk driuwen seagen, en dêr gjin nocht oan hienen. De fleur moat der wol wat yn bliuwe, no?
Nauta kaam der noch op werom, dat fûn ik kreas, hy lei noch ien en oar út. De presintator koe it net litte om efkes te stikeljen: 'Ik miende dat jim yn in parseberjocht seinen dat jim adekwaat op de saak reagearre hienen.'

Begryp my net ferkeard, ik ha in soad respekt foar wat de minsken yn in saak as dizze dogge, dat falt net ta. En ik ha noch mear respekt foar in wurdfierder dy't gewoan 'Ja' seit op it momint dat it miskien better west hie en hâld jo wat op de flakte. Hulde, Nauta.    

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts