PUK-koade
Dramatyske dei hjir juster, minsken.
Ien: fet yn de klean fan junior ien. Kin barre. Wat is de stratezjy? Daliks yn in amer mei wetter. En dan mar hoopje dat it plak der wer út giet. Trelit, mar oer te kommen. As it dêr by bleaun wie, hie ik gjin klachten. Maaaarrrr...
Twa. Dy amer wetter mei dêryn in stik klean stie yn de baaikeamer. Soks is in goed plak foar in amer wetter mei dêryn in kleanstik, tocht ik dan wer. Fout. Freegje my net hoe as wat, mar junior twa slagge deryn om har Samsung sa te manipulearjen dat er mei in boogje yn dy amer wetter telâne kaam. Net op de hurde tegels, nee, kreas yn dy amer wetter mei dêryn in kleanstik.
Algemiene panyk bruts út. De fohn der by. Doe moast heit mar sjen oft er it stikje Koreaanske berne-arbeid wer oan de praat krije koe. Slagge net. Ik moast de PUK-koade yntikje. Nei seis kear seach ik in drip wetter ûnder de SIM-kaart wei kommen. Tsja, dat doe wie it wol helder dat er noch net droech wie.
De foarútsjoggen wienen striemin. Twitterfreonen hienen, op ien nei, gjin hoop mear. Mar dy iene hie in Nokia, en dat is fansels oars as in Samsung. Dy Finnen sitte altyd yn de bleate kont yn in dampe sauna te twitterjen, dêr binne dy tastellen foar makke.
De kachel op fiif en de Samsung yn ûnderdielen lizze te droegjen. Sa binne wy op bêd gien. Gjin wink yn 'e eagen hân, want ja, dy Samsung, no?
Junior is sûnder har Samsung ôfsetten, sadat ik tiid hie om te sjen hoe as wat. Daliks die bliken dat der wat mear libben yn siet as juster. Mar hy woe wer dy PUK-koade ha. En dêrnei in nije PIN-koade. Dat allegearre op de betide moarn.
As berne digibeet is it my slagge om it ding wer oan de praat te krijen, soks mei wol yn 'e krante. Ik kin it hjoed grif net bedjerre by junior.

Reacties
Een reactie posten