Posts

Ferbrekke

Wat is dat dochs. Je steane yn it sikehûs op de lift te wachtsjen, komt der immen neist je stean. 'Nou, duurt nogal lang,' seit er. Je binne yn it Fryske Haachje, dat ik sei: 'Der sille wol mear wêze dy't omheech wolle.' In konfersaasje fan neat fansels, mar dêr giet it net om. 'Ja, soest sizze dat der nimmen mear sûn is.' WÊROM DOGGE MINSKEN DAT!? Ik sjoch der net út as immen dy't it Frysk net behearsket, tink ik. Mar altyd yn it Hollânsk begjinne. Stel ik soe him yn it Nederlânsk antwurd jûn ha? Ik snap dat net. Binne je in omkoal, in sukkel en in domkop as je immen oansprekke yn jo eigen taal? Is it in foarm fan skamte? Benaud foar immen dy't seit: 'Ik versta u niet'? Guus Meeuwis sjongt: Was men op Brabant maar zo trots als een Fries. No, sliep mar lekker fierder, Guus. Wy binne net grutsk, wy binne dom. Sa dom as in doar. Stel ik mei 80 wurde, dan is it heech tiid om de holle del te lizzen, want dan prate we allegearre in mjuks fan ...

Bad Company - Simple Man

Afbeelding
Lekker sliepe, langer as juster mei ik hoopje!

Derby

Hearrenfean-Cambuur Rangers-Celtic AC Milan-Internationale Real Madrid-Barcelona Harkemase Boys-Drachtster Boys Samar wat beladen wedstriden. Mar it falt yn it neat by wat der moarn barre sil. De heale finale fan it WK Cricket. India-Pakistan. In striid op libben en dea tusken twa lannen dy't elkoar wol skite en spuie kinne. Om Kashmir. Ik sjoch der nei út, en besykje der safolle mooglik fan te sjen. Fia ynternet, minne bylden, mar dat past wol wat by de sfear. Mear as in miljard minsken sille de striid folgje, dat is nochris wat oars as fierljeppe op 'e Jouwer. En de NOS? Gaaaaaaaap!

Heech tiid

Afbeelding
Witte jimme wat dit is? De betonnen sarkofaach fan reaktor 4 yn Tsjernobyl. Dy plofte yn 1986. It beton is hast oan ein, yn 2012 moat der in nije kape oerhinne komme. Kosten: rûchwei 1,4 miljard. Wisten jim dat de oare reaktors noch jierren yn bedriuw west binne? Oant 2000 ta. Wisten jim dat dêr no noch minsken wurkje om de kearnbrânstof yn de gaten te hâlden? Dat der in skala oan kankers konstatearre is, dat wisten jim wol. Mar wisten jim ek dat tsjintwurdich reizen nei it gebiet organisearre wurde? Elk nadeel heb zijn voordeel. Trochdat de minsken fuortgien binne, hat de natuer frij spul. Dat dy wylde bargen opljochtsje fan de strieling litte we mar yn it midden. 25 jier lyn, en no noch ellinde. Soe it ek tiid wurde om alternative boarnen fan enerzjy in kâns te jaan? In rendabel wynmûnepark is better om nei te sjen as nei dat wat jo hjir op de foto sjogge.

Ergernis

Net goed foar in minske, tefolle ergernis. Bekoartet it libben, je wurde der swartgallich fan en foar de omjouwing is it ek neat. Dus besykje om je ôf te sluten foar alles dêr't jo je oan ergerje kinne. No slagget dat faaks wol aardich, hear. Mar no efkes net. Dus stean my ta om my efkes kapot te ergerjen. Efkes mar, it sil net sa lang duorje. In regel as tsien. No, dat is te dwaan, net? Goed, hjir komt er, de ergernis fan de wike. Miskien in idee! Ien kear yn de wike, mei dat wol? Hawar. Ik woe it ha oer dieverij. Dat is in fergryp, dêr't op hânhavene wurdt troch de plysje. En dat is goed. Mar wat no as it haad fan de plysje har skuldich makket oan dieverij? Dat mei gjin ferkil meitsje, dan moat immen mei in legere rang dat minske oppakke. Magda Berndsen, want dêr ha ik it oer, hat in ton tefolle lean op har rekken krigen. De plysje is jo bêste freon? No sit madam yn de twadde keamer, en wir haben es nicht gewusst! Minsken ha gjin betrouwen yn polityk, skoppe tsjin de plys...

Gjin tiid

Sorry hear, hjoed gjin bloch. Te drok. Goeie!

Rideltsje

It nijs: ellinde yn de Arabyske wrâld. De media ha dúdlik in kar makke, alles stiet yn it teken fan wat dêr oan de hân is. Foarop de NOS, dy't der mar gjin genôch fan krije kin. It echte nijs komt neffens my noch immer út Japan. Mar dat moatte jo al mei in ljochtsje sykje. Net spektakulêr genoch mear? Leaver sjen nei yn sêne setten 'feest om in deldondere F15'? Ien stumper mei in flagge en de LC kopt: 'feestvierende mensen!' De keardel op de foto hold noch krekt de hân net op om de pear dollar oan te pakken dy't de fotograaf him tasein hie.   Wy meie ek noch meidwaan yn it spultsje: Wa hâld it measte rjocht op de oalje . Want tinke jim no echt dat it de grutte tinkers ek mar ien tel om dy pear tûzen minsken giet dy't troch Khadaffi om hals brocht wurde? No, dream mar lekker fierder dan. Dan hienen se in foech tweintich jier lyn wol yn aksje kaam. Japan. De minsken dy't wol of net ûnder twang soargje moatte dat we net mei in grut probleem sitten bliuw...