Rideltsje

It nijs: ellinde yn de Arabyske wrâld. De media ha dúdlik in kar makke, alles stiet yn it teken fan wat dêr oan de hân is. Foarop de NOS, dy't der mar gjin genôch fan krije kin.
It echte nijs komt neffens my noch immer út Japan. Mar dat moatte jo al mei in ljochtsje sykje. Net spektakulêr genoch mear? Leaver sjen nei yn sêne setten 'feest om in deldondere F15'? Ien stumper mei in flagge en de LC kopt: 'feestvierende mensen!' De keardel op de foto hold noch krekt de hân net op om de pear dollar oan te pakken dy't de fotograaf him tasein hie.  
Wy meie ek noch meidwaan yn it spultsje: Wa hâld it measte rjocht op de oalje. Want tinke jim no echt dat it de grutte tinkers ek mar ien tel om dy pear tûzen minsken giet dy't troch Khadaffi om hals brocht wurde? No, dream mar lekker fierder dan. Dan hienen se in foech tweintich jier lyn wol yn aksje kaam.

Japan. De minsken dy't wol of net ûnder twang soargje moatte dat we net mei in grut probleem sitten bliuwe. Dat binne de helden fan no. Net dat razende en rachende folk mei in deadskiste op it skouder. Dat rideltsje kinne we no wol. Wa't útfine kin wat yn it Midden Easten de oplossing is, moat elts jier ferplichte de Nobelpriis foar de frede ha, oant syn of har dea ta. Miskien wurdt it dêr rêstich as de oalje op is?
Oant dy tiid graach mear oandacht foar Japan, as it efkes kin.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen