Heech tiid



Witte jimme wat dit is? De betonnen sarkofaach fan reaktor 4 yn Tsjernobyl. Dy plofte yn 1986. It beton is hast oan ein, yn 2012 moat der in nije kape oerhinne komme. Kosten: rûchwei 1,4 miljard.
Wisten jim dat de oare reaktors noch jierren yn bedriuw west binne? Oant 2000 ta.
Wisten jim dat dêr no noch minsken wurkje om de kearnbrânstof yn de gaten te hâlden?
Dat der in skala oan kankers konstatearre is, dat wisten jim wol.
Mar wisten jim ek dat tsjintwurdich reizen nei it gebiet organisearre wurde? Elk nadeel heb zijn voordeel. Trochdat de minsken fuortgien binne, hat de natuer frij spul. Dat dy wylde bargen opljochtsje fan de strieling litte we mar yn it midden.
25 jier lyn, en no noch ellinde. Soe it ek tiid wurde om alternative boarnen fan enerzjy in kâns te jaan? In rendabel wynmûnepark is better om nei te sjen as nei dat wat jo hjir op de foto sjogge.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen