Ergernis

Net goed foar in minske, tefolle ergernis. Bekoartet it libben, je wurde der swartgallich fan en foar de omjouwing is it ek neat. Dus besykje om je ôf te sluten foar alles dêr't jo je oan ergerje kinne. No slagget dat faaks wol aardich, hear. Mar no efkes net. Dus stean my ta om my efkes kapot te ergerjen. Efkes mar, it sil net sa lang duorje. In regel as tsien. No, dat is te dwaan, net?
Goed, hjir komt er, de ergernis fan de wike. Miskien in idee! Ien kear yn de wike, mei dat wol? Hawar.
Ik woe it ha oer dieverij. Dat is in fergryp, dêr't op hânhavene wurdt troch de plysje. En dat is goed. Mar wat no as it haad fan de plysje har skuldich makket oan dieverij? Dat mei gjin ferkil meitsje, dan moat immen mei in legere rang dat minske oppakke. Magda Berndsen, want dêr ha ik it oer, hat in ton tefolle lean op har rekken krigen. De plysje is jo bêste freon? No sit madam yn de twadde keamer, en wir haben es nicht gewusst!
Minsken ha gjin betrouwen yn polityk, skoppe tsjin de plysje oan en mear fan soks. Oant de dei dat ditsoarte mei dûbel fel foar de kop berne minsken net mear har gong gean kinne, snap ik dat wol.
Sa.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen