Ferbrekke

Wat is dat dochs. Je steane yn it sikehûs op de lift te wachtsjen, komt der immen neist je stean. 'Nou, duurt nogal lang,' seit er.
Je binne yn it Fryske Haachje, dat ik sei: 'Der sille wol mear wêze dy't omheech wolle.' In konfersaasje fan neat fansels, mar dêr giet it net om.
'Ja, soest sizze dat der nimmen mear sûn is.'
WÊROM DOGGE MINSKEN DAT!?
Ik sjoch der net út as immen dy't it Frysk net behearsket, tink ik. Mar altyd yn it Hollânsk begjinne. Stel ik soe him yn it Nederlânsk antwurd jûn ha? Ik snap dat net. Binne je in omkoal, in sukkel en in domkop as je immen oansprekke yn jo eigen taal? Is it in foarm fan skamte? Benaud foar immen dy't seit: 'Ik versta u niet'?
Guus Meeuwis sjongt: Was men op Brabant maar zo trots als een Fries. No, sliep mar lekker fierder, Guus. Wy binne net grutsk, wy binne dom. Sa dom as in doar. Stel ik mei 80 wurde, dan is it heech tiid om de holle del te lizzen, want dan prate we allegearre in mjuks fan Ingelsk en Nederlânsk. Op himsels neat mis mei, mar wol skande foar in taal dy't sa moai is om te hearren, te sprekken, te lêzen en om yn te skriuwen.
Fuortsmite kin mar ien kear.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen