Leon de Winter syn wichtige argeleasheid

 


Sneintemoarn nei de kofje siet ik wat te zappen. De werhelling fan Match of the Day, de 875e auto dy’t Wheelers Dealers opknappe, datsoarte wurk. En noch in prachtich programma oer Britske buorkerijen, mar dêr sil ik hjir mar net fierder oer fertelle, want dat past net yn de konjunktuer fan it giftige Nederlân anno 2022.

Ik zapte troch en kaam út by Busines Class mei Harry en Suze Mens. Ik tink dat it yn de top 5 fan langst besteande programma’s op de TV stiet. It format is nea feroare, jo keapje josels yn om wat oer jo bedriuw te fertellen en soms is der in politike gast. De linkse kant fan Nederlân sjocht der allinnich stikem nei, want it giet altyd oer jild en jild is in fiis wurd.

It programma is yn de rin fan de jierren hast in parody op himsels wurden, mar soms komme der gasten mei in echt ferhaal. Snein wie Leon de Winter útnûge. Dat is in skriuwer fan Joadske komôf en hy skriuwt kollums foar De Telegraaf. Dus stiet hy by boppeneamd Nederlân yn it foar al mei 2-0 achter. Mar dat is in grutte misfetting, want De Winter skriuwt prima kollums mei in hurd en skel lûd, fandêr dat er troch guon útkotst wurdt. Dy kinne dat net ferneare.

Dat komt troch it Nederlân dêr’t se yn grutbrocht binne. Leon de Winter lei yn syn lêste kollum eksakt de finger op it seare plak. Hy beneamde meardere kearen it wurd argeleas.

Nederlanners libben oant in pear jier lyn yn de lúkse fan it argeleas wêze kinne. Grutte konflikten liken de nei de Twadde Wrâld- en de Kâlde Oarloch suver net mear te bestean. Wy koenen argeleas opgroeie en libje. Nayf en fol fertrouwen, lies ik ergens yn in bio fan in Fryske haadredakteur, mar dan fansels wol yn it Nederlânsk...  

Argeleas is in wurd dat in oantal synonimen hat: Nayf, sûnder euvelmoed, oan gjin kwea tinkend. Sa skarrele de gemiddelde Nederlanner troch de tiid. Dy tiid hat west, stelde De Winter. Mar it besef dat dy tiid west hat, wol der noch net echt yn. It ‘frije westen’ is him totaal net bewust fan harren argeleazens en de fijannen dy’t dy wize fan libjen opsmiten hat. Wy folgje yn it generaal braaf wat de media ús foarskriuwt. By koade giel bliuwt de Babboe bakfiets fan de pampere prinskes en prinsessen yn de isolearre garaazje stean en by koade oranje wurde de minsken dy’t normaal dogge en harren net troch ditsoarte flauwekul liede litte massaal online feroardiele as wienen se net by steat om sels nei de loft te sjen om út te finen hokker waar it is.

Argeleas is in wurd dat dêr by past. Skiep binne ek argeleas. As de lieder fan de keppel oer de râne springt en te pletter slacht, sille de oaren folgje. Argeleas. Wês safolle mooglik argeleas as it kin, mar lit it wol ynsinke dat argeleas net in wize fan libjen mear is. Want dan binne jo pas echt nayf en fol fertrouwen.   

Reacties

  1. Neat mei jo blog te meitsjen, mar Ik wit net hoe't ik oars kontakt mei jo krijd kin. It giet oer de boekejûn op It Fean. Fr. Ozinga.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'