Lang libje de Krimp!!!

"Trek naar de stad zet door',  stie in skoft lyn yn de krante. Der skynt in magnetyske wurking fan in bult libjend fleis op ien bult út te gean. In mannichte dy't elkoar net kin, elkoar net groetet, rêstich trochgiet mei alles en net iens in berjochtsje op facebook set as bliken docht dat buorfrou in healjier dea yn it hûs njonken dat fan harren lein hat. Safolle tegels en beton dat it reinwetter net mear fuortkomme kin, dat wylst it al mar mear reine sil trochdat de ierde opwaarmet.

Mar dat lêste is fansels de skuld fan de boeren, want je moatte as fersmoargjende, konsumearjende en enerzjyfrettende stadjers doch in stok fine om in hûn te slaan. Wat is dan makliker as de boeren de ellinde yn de skuon te skowen. Gemakshalve ferjitte se dan as stêdsbewenners mei in vega-ynslach en oerdoasis falske bisteleafde mar efkes dat dy boeren it deistich brea produsearje en alles dat by de Subway, McDonalds en oare frettinten en stedske supermerken te krijen is ek op harren konto skriuwe meie. Ik soe wolris witte wolle wat de stedelingen op it board hienen as de boeren in healjier mei in sabbatical gean soenen. Grutte kâns dat it harren eigen opdroege stront wurde soe, want mear produsearje se kwa iten en itensresten net.

In berjochtsje fan hjoed: De boargemaster fan Peking (wie dat net Beijing, mar dat geheel terzijde?) seit dat it libben yn de mei 21 miljoen minsken aardich drokke stêd net mear kin. 'De stad is onleefbaar.' Troch de smog, de fersmoarging en de befolkingstichtheid. Foaral dat lêste.

Gean mar lekker nei de stêd. Ik net.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen