Fryske taal freget om unifoarmiteit

Ik bin tsjin Swarte Pyt. Om my bliuwt er mei syn hiele sekfol rotsoai yn Spanje, of fergiet yn de Golf fan Biskaje. Binne wy fan dy ellendeling ôf. En lit dy slûge ymmitaasje fan de paus mei syn wite burd en syn tsjokke boek dan ek daliks mar nei de haaien gean. Boeken lêze is dochs net mear fan dizze tiid. Wat moatte dy lju hjir alle jierren wer? It iennichste dat se hjir bringe is honger nei plestik en in bak fol stress. Want sis no sels, dy ferhipte dichterij, it is in drama yn meardere bedriuwen. Ik wie sa wanhopich dat ik op Feestboek al frege wat der op ferklomme rime. No, de religieuze lofprijzingen waren niet van de lucht, hoor.

Nee, dat efterhelle gedoch mei dy dweil op dat hynder moat no mar ris út wêze. Kwa yntegraasje liket it ek al op fleanen. Hy komt hjir mei dy swarte foetfeech, jaget ús hjir meielkoar op kosten en foardat je it yn de gaten ha sit hy wer yn de sinne yn in ekonomysk striemin draaiend lân mei lju dy't skoandere bollen mei spearen ôfmeitsje. Achterlike kultuer dêr. Se ha allegearre in sinnestek oprûn, en dy Pyt hat al hielendal te lang yn de sinne lein.

Ik ha wol in werbestimming foar al dy pakken fan de helpsinterklazen. Nei de fierkiezings fan kommend jier soe ik in sinterklazepak as dresskoade ynfiere wolle by alle Fryske Steateleden. Unifoarm nei bûten komme makket Fryslân en syn taal sterk, sei de foaroanman fan de Fryske Akademy. No, yn it ramt fan ferantwurde werbrûken fan klean liket my dit de oplossing.

Fraach is dan al hoe't wy de foarsitter der út kinne. Miskien moat dy dan mar as Swarte Pyt op de foarsitterstoel. Litte wy ek sjen dat we hjir yn Fryslân foaroan rinne yn de akseptaasje fan bûtenlanners. Twa miggen yn ien klap.

En gjin gemijter mei Sinteklaasgedichten mear. (smiley)


 

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen