Tiid foar in nij Swarte Piet belied

Je kinne der hast net omhinne. De diskusje oer Swarte Piet. Dy diskusje wurdt troch de media ta grutte hichten brocht. No, as se dat earne lêze of hearre, sille se by de radio, TV en kranten wol wer yn it ferhef komme. Folslein neffens protokol op harren lange teannen trape. Mar dat makket de redaksje fan Stikelstekker lekker neat út.

De Wytgaarder Gleskegnuverpiet
As de Sinteklaasboel aanst oer in pear jier ferwurden is ta in Pietebende mei tsiisopdruk en
sjerpwafels is de media dêr foar it grut part ferantwurdlik foar. Dy ha in pear roppers en razers in ûnmjitlik grut poadium jûn om harren galle te spuien en op dy wize in stik ûnskuldich bernekultuerguod de nekke om te draaien. Lokwinske, soe ik sizze. As je it mar faak genôch werhelje leauwe minsken alles.

Mar wy binne hjir tige progressyf by Stikelstekker, dus sille wy efkes foar de muzyk útdrave. Om dochs in stikje Fryske eigenheid te bewarjen as it om Sinteklaas giet, stelle wy it folgjende út.

Hast alle doarpen yn Fryslân ha wol in by- of skelnamme. Jo moatte yn kânsen sjen, dus komme je ta dit plan fan oanpak. Swarte Piet sil wol syn langste tiid hân ha, tiid foar dizze konstruksje. Wy beginne mar by de doarpen mei in W, om jim in idee te jaan.

De Warkumer Brijbekpiet
Wurdum: De Tuorkefretterpiet
Wûns: De Teebuspiet
Wommels: De Breakrommelpiet
Wytgaard: De Gleskegnuverpiet
Weidum: De Wynhûnpiet
Warten: De Roekpiet
Warstiens: De Einekoerpiet
Wergea: De Bregebidlerpiet.
Westereen: De Messestekkerpiet
Winsum: De Spinpûdepiet
Winaam: De Katpiet
Wierum: De Ratsjepiet
Warns: De Skieppeloartenpiet
Warkum: De Brijbekpiet
Wanswert: De Foksejagerpiet
Wâldsein: De Driuwpôlepiet
Waaksens: De Lúsjeferprikkepiet

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen