Sonic Highways


En einliks, dêr wie er dan!

It nije album fan de Foo Fighters is ien om net samar te ferjitten. It hat in jier as wat duorre, mar de opfolger fan Wasting Light is in dei as wat lyn offisjeel út kaam. Dave Grohl en syn maten hienen der in komplete wike Dave Letterman (de Amerikaanske Jeroen Pauw) by betocht en dy wie net te beroerd om de grutste band fan dit stuit te gerieven. Sa koenen de fans harren hert ophelje. Foar de redaksje fan Stikelstekker wie it optreden mei Ann en Nancy Wilson fan Heart fansels it hichtepunt. Ann Wilson liket mei de jierren allinnich mar mear rock yn har stim te krijen en op suske Nancy hat de tiid net folle fet sa te sjen.

De kommintaren ûnder it nije album op Youtube moatte jo fansels net lêze, want jittikmige is prachtich moai wurk, mar o sa maklik. Nee, sels harkje nei it album en dan sille jo der efter komme dat it net in logysk ferfolch op Wasting Light is. De mannen ha de hiele USA troch west om yn alle útbuorren ien nûmer op te nimmen. Dat hat fansels ek in marketing eftergrûn, de searje Sonic Highways is dêrtroch ûntstien. In muzikale reis troch de Feriene Steaten, tige de muoite wurdich. Te sjen op HBO en Canvas.

It album iepent mei Something From Nothing. Dat nûmer giet stadich nei in typysk Foo ein, mei in soad enerzjy en pas de lêste minút knalt it ta de speakers út, moai as iepener. Dêrnei in stamper The Feast and the Famine. It feest en de hongersneed. Nee, by Dave Grohl is lang net alles is Rock 'n Roll, der sit folle mear efter syn teksten. Sels mar ris wat opsykje, soe ik sizze.

De measte nûmers moatte je in kear as wat hearre. Mar dan is it wer in echt Foo album. En ja, de grutte bands dogge op elts album wat oars. Healwei komt it lekkere Outside, mar echt genietsje is de ein fan it album. Twa op it earste gehoar ûnFoo nûmers om it samar ris te sizzen. Mar wat in flater meitsje je dan. Subterranean is opslach ien fan myn favorite Foo Fighters nûmers wurden en mei it lêste nûmer I am a River hat Grohl in klassiker skreaun dy't yn de mega stadion konserten it hiele fjild yn beweging krije sil. Lit dat mar oan de rasentertainer Dave Grohl oer. It nûmer is op it album aardich rêstich mar wurdt live grif omtovere ta in knaller, miskien as lêste song foar de tagift, skat ik.

Al mei al wie it it wachtsjen mear as wurdich. Sonic Highways fan The Foo Fighters. Oanrieder.

Yn it filmke: Heart en de Foo Fighters



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen