Nea wer online

Dit is in bloch oer ôfskie.

Sân jier lyn kaam ik mei him yn de kunde. Frijwat swijsum typ. Swart fan kleur. Joech eins nea lûd, mar die wat er dwaan moast. Tegearre ha wy de meast moaie aventoeren meimakke. Wy klommen bergen op, besochten úthoeken yn Ruslân, learden elkoar sa tige goed kennen. Ek seagen wy in soad foto's. Boppedat holp er my mei it bewarjen fan teksten. Dêr fertroude ik him 100% mei, der soe him nea wat ûntgean. Wy brochten oeren meielkoar troch, seagen nei sport, sochten akkoarden by muzyk en spilen skaakspultsjes tsjin elkoar. Meastal wûn er fan my, mar op ien as oare wize koe ik dat fan him ha.

De lêste tiid is ús ferhâlding der net better op wurden. It kaam in kear as wat foar dat er wurk wegere, dat foel my bot fan him ôf. Jammer. En sa no en dan wie ik lilk op him, wylst dat net myn gewoante is. Ik ha him noch besocht op oare gedachten te bringen, mar nei ampele oerwagings moat ik jim it folgjende berjocht takomme litte.

Ik, Acer Aspire M3201, lis myn holle der by del. Rom sân jier ha ik dei en nacht foar de baas klearstien, mar it wol net mear. Ik krij krupsjes, myn hurde skiif is net mear wat it west hat, myn prosessor koe wol rimmetyk ha en myn grafyske kaart kin ek net mear meikomme. It wie soms in hiele opjefte, mar ik ha it graach dien. No is it oer, jim sille nea wer wat fan my hearre. Dit is myn swannesang. Aanst lûkt de baas de stekker út my en dêr ha ik frede mei. Ik bin wurch.

It is goed sa. Hoi.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen