Wierklauwer

Omdat ik wat nei siet te tinken oer it waar, it reint hjir âlde wiven en foarketinen, seach ik samar in putamer foar my. Freegje my net werom. Ik tocht: soe soks noch te keap oanbean wurde? Dus efkes op Marktplaats sjoen. Ja, hear, twa oanbiedings. Ien yn Veldhoven en ien earne yn Grins.

'Putemmer met houten steel, leuk als decoratie.'

Lokkich wit net eltsenien de technyske details fan it wurk fan in deagraver, want dan hienen se dat fan dy dekoraasje der wol efterwei litten.

Mar doe waard ik nijsgjirrich. Ik ha yn de skuorre in snijseine stean. Dy brûkte heit foar it slotten. (hekkeljen bûten Sint Jut).
Doch ris sjen oft soks der noch is. Ja, hear, ien fûn. Stie as zeis op Martplaats, mar dat hie snijseine wêze moatten. Yn Middelburg is er te keap.



Folgjende objekt: Wierklauwer. Dat is gjin gewoane hekkel, mar in bredere útfiering om wier út de sleat te lûken. Wie net op Marktplaats te besetten. Wy hienen al ien thús op de pleats. Dy like wol wat op dy rjochter op it plaatsje, mar wie wat breder en hie tinnere tinen. Hawar, jim krije sa al in byld.

In gewoane hekkel wie wol te krijen, dat is dus de linker op it plaatsje, mei fjouwer tinen. Lodden, foarken en gripen wienen der ek wol.

Yntiids skynt de sinne.  

Reacties

  1. De twadde fan rjochts is krekt sa'n hekkel at heit hie,mochst dy útleve wolle mei in wierklauwer(beskriuwing kloppet!),die hinget by dyn broer yn it hok.J.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Twadde fan links dus(ahum).

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'