Gert Kruys soe ûntslein wurde moatte

Stel: Jo binne proffuotballer.

No binne dêr in soad fan en net al dy spilers kinne op in basisplakje rekkenje. Soms komme spiler en klup dan ta it ynsjoch dat it better foar de ûntwikkeling fan sa'n spiler is as er oan in oare klup ferhierd wurdt. Foar in skoftsje de fuotten by in oar ûnder de tafel is oeral goed foar. Meastal ferdwynt sa'n spiler nei in feriening dy't wat leger oanskreaun stiet. In spiler fan bygelyks Telstar dy't ferhierd wurdt, sil net daliks by Ajax yn de basis bedarje. Oant safier gjin nijs.

Paul Gladon is sa'n spiler. Hy stiet ûnder kontrakt by Sparta, de twadde klup fan Rotterdam, dy't ôfsakke is nei de kelder fan de Jupiler league. Troch in wûnder mei Sparta meidwaan oan de neikompetysje en no giet it samar foar wûnder. Se meitsje sels kâns om te promovearjen. De fergeliking mei SC Hearrenfean syn promoasje wurdt al makke. Eartiids ek op in waardeloas plak eindige en troch in goede neikompetysje samar eredivyzje. It kin.

Paul Gladon wie mei Sparta oerienkaam dat it better wêze soe om in jier ferhierd te wurden. Dordrecht socht in ramplesant yn de spits en Sparta wie bliid dat se wer ien minder hoegden te beteljen. It is djippe krisis yn de kelder fan de Jupiler League.

En doe begûn it seizoen.

Dordrecht spile de pannen fan it dak. En se hienen in spits dy't tsjin Volendam in hattrick makke. Yn 19 minuten. Syn namme: Paul Gladon. Dordrecht die it sa goed dat se as twadde eindigen yn de kompetysje! Dus meie se fansels meidwaan yn de neikompetysje. Ek dat giet goed. Sa goed, dat se yn de finale fan de neikompetysje bedarje. In wedstriid yn twa bedriuwen.

Tsjinstanner: Sparta. Kin it moaier? Paul Gladon kin oan Sparta trener Gertje Kruys sjen litte dat er it kompleet by it ferkearde ein hie doe't er betocht dat Paul mar by in oare klup balskoppe moast. In jongesboek.

Wat stiet hjoed yn de krante? Gert Kruys, de trener fan Sparta, dat Paul Gladon net goed genôch fûn, seit dat er it ferstannich fine soe dat Paul Gladon net spylje soe yn de wedstriden tsjin Sparta.

Yn in ûntwikkele lân as Nederlân konfrontearre wurden mei metoades út bananerepubliken. It is net te leauwen. Gert Kruys moat him deaskamje dat er it doarde te sizzen. Wat in skandalige útspraak. En dat fan in trener fan in oars sympatike klup as Sparta.

Ik bin foar Dordrecht.

Hup, Paul!!!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen