Live streams, ja of nee?

De diskusje is helder. Soarget in live stream derfoar dat der minder minsken nei it stadion komme. Nee, net nei it fuotbaljen, mar nei in relatyf ûnbekende sport, it iishockey (fan no ôf neam ik it hockey, sa as it heart).

Wat is der loos? Dit seisoen binne in pear befleine minsken begûn mei it fersoargjen fan in live stream om it hockey wer better op de kaart te setten. De wedstriden fan de Unis Flyers út It Feen wienen foarsafier mooglik út en thús op it ynternet te sjen. Mei beskieden middels slagge it sportsbroadcasting.nl om in live ferslach te bringen, geandewei it jier mei kommintaar en gadgets lykas de klok yn byld en sa mear. In prestaasje fan formaat om dat klear te spyljen.

It doel wie om ek de finale fan de play-offs tusken Den Haag en Tilburg foar eltsenien tagonklik te meitsjen. No is dat yn Tilburg in probleem, dêr ha se gjin goede ynternetferbining. Yn Den Haag wol, mar no docht it probleem him foar. De eigner fan de klup dêr, is bang dat de minder minsken nei it stadion komme as de wedstriid live op it www ek te sjen is. Begryplik of koartsichtich?

Begryplik fansels. De man hat der syn jild yn stutsen en wol graach it stadion fol ha. Sa helder as wat, dêr totaal gjin krityk op.

Mar as we fierder wolle mei dizze mondiaal tige grutte sport (allinnich yn Noard Amerika al mear as 3 miljard dollar omset yn it jier), sil it foar it grutte publyk sichtber makke wurde moatte hoe'n geweldich spultsje it is. Want dat is it. Yn de lannen om ús hinne (Dútslân, Denemarken, Skandinavie, it eastblok, Switserlân en Eastenryk) is hockey grut.
Op it Dútske Servus TV is it alle freeds en sneins hockeynight. Live op ynternet. Sjoch jûn mar nei Hamburg tsjin Iserlohn, de keet sit oan de nok ta fol. 12.000 man of sa. En de sfear is super. Datselde sjogge jo yn oare lannen ek, online is in soad te finen.

It wurdt tiid dat we yn Nederlân (lês: it iishockeybûn) de potinsje fan de sport sjen gean. Eartiids siet Thialf ek oan de nok ta fol. Dêrfoar is in kompetysje mei mear teams needsaaklik. Dan wurdt it regionaal ek wer aardich. Flyers tsjin Grins of om my Ljouwert sprekt mear minsken oan. Dus sil der praten wurde moatte oer hoe no fierder.

Foar my stiet ien ding as in peal boppe wetter: Live streams dogge allinnich mar goed oan it bekend meitsjen fan de sport. As mear minsken der mei yn oanrekking komme, wurdt de stap lytser  en gean ris nei in stadion ta.

Dus begryp ik de baas fan Den Haag wol, mar as hy alle wiken dy Uithof fol ha wol, sil it oars moatte. Dat begrypt hy dan hooplik ek wol wer. Mei syn allen de skouders derûnder sette.
   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen