Sutelaksje evaluaasje

Yn in foar my foar de rest folslein oerstallige bylage fan de LC stiet altyd in stikje oer in pear redakteuren dy't in útspanning besykje en harren dêr foar in rûchwei in bankje oan iten foarsette litte. Wol nijsgjirrige matearje, foaral foar de eigner fan de tinte, want komme jo der wat knap foarwei of baarne se jo ta de grûn ôf?
Dat deskundige team eamelt dan oer liflafjes dy't wol of krekt net op de ( foar harren) ideale smaak wêze soenen. Jo binne dus oerlevere oan de grillen fan dy minsken. Stel ien hat in gypke ûnder de lea, de smaakpapillen binne oantaaste en troch de barstende pine yn de kop hat de man/frou hielendal gjin sin oan iten. Mar ja, der moat in stikje komme, dus stoef trochfrette en mei it smoar yn in stikje skriuwe.

Jo sille dy útbater mar wêze. Neat mis mei it iten, mar wol mei de iter. Swier de pineut.

Wy ha juster ek út iten west. Net nei in hippe tinte yn De Hoofdplaats, mar nei in gewoane doarpskroech. Se hienen der al 4G, dat is it fermelden wurdich. In goede lêzer hat wol troch dat it dus flak by De Hoofdplaats wêze moat. En dat wie it ek.

In moaie kroech. Stamtafel stie al klear foar ús selskip, it rûkte der ek al lekker. Ik wie earst, dat moat as technysk foarsitter. Sa roppich as de sykte, mar jo kinne net sa raar en freegje om in stik bôle, dus earst mar in pear bakken kofje der yn. Dat sêdet ek. Doe oer op in pear reade wyntsjes, de rest fan it selskip siet oan it bier of tee.

Jo meie sizze dat it gesellich wie. Daliks al. Al earder as de drank, bedoel ik. Dat komt foar: Dat soks net drank relatearre is. Yn de Fryske kulturele wrâld mei dan yn 'e regel sein wurde dat noch nimmen fan dizze ploech minsken in oar lid fan de ploech op de teannen stien hat. Oars moat der earst drank yn om dat oer te sljochtsjen.

Oantekening: Dit is dus in seldsum selskip.

Goed, wy hienen it oer fan alles en noch wat. Wrâldske saken, ek seks kaam (alhoewol net op de aginda) sa mar efkes ter sprake. Koart, hear, wy hienen wichtige saken te besprekken. Muzyk moat ik ek net ferjitte, dêr tochten wy net hieldendal gelyk oer. En dan fansels poëzy. Dat kin net oars mei twa hardcore Faderpaard leafhawwers oan ien tafel. Wy ha it der oer hân.

Underwilens kaam der sop op tafel. Lekker, krêmesop mei poddestuollen. Doe it haadgerjocht. Ik wol net anty reklame foar al dy hippe tinten yn De Hoofdplaats meitsje, mar as je (en dan praat ik efkes yn managers taal) nei de priis kwaliteit ferhâlding sjogge (bleeeh), ha dy hippe tinten in grut probleem.

Boppedat krijt ien dy't de hiele dei yn de ôffallen blêden sitten hat te wrotten en dus echt sin oan wat hat, yn sa'n kafee gewoan genôch. Hearlik.

Ik kin dus dizze doarpskroech tige by jim oanpriizje. Treflik, tige tank.

O, ja. We ha ek fergadere, mar ik bin ferjitten wat we besprutsen ha. Sa lekker wie it iten.  

     

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen