Stront, diel trije

Ik tink net dat jim witte wat op dizze foto stiet. It is ek net strikt needsaaklik dat jim it witte, mar no't jimme dochs oan it lêzen binne it folgjende.

Wy hienen de lêste tiid wat gemiter mei de ondergrondse transportbuis, dy't fan de pot nei de dyk rint. It is wat in fiis praatsje, mar se sizze altyd dat stront skjinner as jild is, omdat der noch nea immen mei de hannen oan sitten hat. No hoecht dat fan my ek net perfoarst, brulloftsje dogge wy net mear.

Soks begjint yn 'e regel op freed, as der nimmen mear nochteren is en it wykein as in tornado oer it lân raast. Dan ha jo sa yts fan: 'Ferhip, dat wetter yn de pot sakket mar min.' Ek steane jo dan yn de dûs oant de ankels ta yn lij wetter. Op himsels net slim, mar net de bedoeling.

Jo kinne jo eigen resten oangeande earte en wat dan ek mar kopketûmeljend yn de pot werom sjen, as wie it in sirkus. Treflik, mar opnij net de bedoeling.

No wie dizze ellinde alris earder oan de oarder, de gemeente hat my der alris 75 euro foar yn rekken brocht. In kamera liet sjen dat der papier en stront lizzen bleau. Dat wisten wy al, fanwege de ûnderfinings mei pot en dûs.

Juster, yndie, op snein, ha ik de bats krigen en foar de safolste kear it rioel opgroeven. Yn de buis sieten fan de foarrige kearen op stategyske plakken al moaie rûne gatten, ôfdutsen troch pvc-plaatsjes.

Ik stie each yn each mei it resinte ferline, dat gewoanwei foarby driuwt, mar no yn de buis stean bleau. Net folle ferheffends oan.

Fansels is der op snein net folle drokte op it gemeentehûs, mar wy fûnen in kalamiteiten nûmer. Stjerrende wier. Blykte ik mei immen yn Tiel te beljen. It fanke wie tige op 't skik, mar wist net folle oer de Fryske ondergrondse. Dêr soe sy ien foar belje. Dat wie Durk fan de gemeente, dy't efkes letter mei de peuk oan yn ús resinte ferline op stie te loeren. 'Stront,' sei er. 'Kin it oan moarn ta wachtsje? Oars moat myn maat ek noch út Dokkum komme.'

Fannemoarn wienen se foar njoggenen te plak en stutsen de kamera yn de buis, mar no de oare kant út. Net nei it hûs ta, dêr hie ik nije buizen pleatst omdat ik der strontsiik fan bin. Nee, nei de dyk op. Dy kant út. Wat blykte: woartels. Dy binne de boosdoener. En dy sjogge jim op de foto. Dat hat grif de foarrige kearen ek sa west. Al doende...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen