Moarn sutelje

Moarn is it safier. Nei minder as in moanne tarieding sille in soad Fryske skriuwers en frijwilligers mei Fryske boeken by de doarren lâns yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum. It hat my fernuvere hoefolle minsken yn it spier kaam binne om belangeleas harren meiwurking oan de aksje te jaan. 'It komt wol goed,' hearden wy geregeld op de fergaderingen. 
Doarpsminsken dy't de karre lûke. 'Ach, as ik dy en dy efkes freegje, dy ha ek noch wol...' Sa sawat. En it kaam foarinoar. As it no om kroaden, winkelkarren, snert of it meitsjen fan flyers, listen en in hiele soad oare saken giet: 'It komt wol goed.' 
De wâldpiken steane bekend om 'Wy rêde dermei,' no, it hat bliken dien dat se dêr op de klaai ek wol wat fan kinne. Hulde. No noch wat moai waar, it liket neffens buienradar moarnier aardich droech. Mochten der minsken wêze dy't in slach op de fyts om wolle, der is yn Ons Huis noch in lytse foarried oan boeken. Dêr sit in bekende Fries dy't se jim graach ferkeapje wol. Jim hearre him hast alle dagen op de radio. Hy set fergees in krabbel yn syn krekt ferskynde boek, dat is unyk. 
Aanst om twa oere sil yn Noardewyn op de radio en TV al oandacht jûn wurde oan de dei fan moarn. Dêrnei sille wy mei de logistyk oan de gong om der moarnier hielendal klear foar te wêzen. Wy ha der in soad nocht oan en wolle der in feestdei fan meitsje. En boeken ferkeapje. Sa dat se lêzen wurde kinne.
  
  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen