In mearke



It mearke fan de hazze en it wykbehear.

Der wie ris in hazze. Ek wie der it wykbehear en twa kuierders. Dy belibben in spannend aventoer.

De kuierders wienen fan doel en gean nei iten in slach om. In kilometer as fiif, om it iten wat sakje te litten. Dat hie op harren leeftyd noch in twadde doel, mar om dat út te lizzen soe yn dit ferhaal oerstallich wêze. It hie wat mei kilo’s te krijen.
It wie net alhiel droech, in sêfte storein mei droege buien, krekt genôch of temin om net wiet te wurden en/of thús te bliuwen. Sa sawat.
Se besleaten om ien fan harren fêste rûtes te nimmen. Koe krekt binnen it oere, wisten se út ûnderfining. Doe’t se it doarp út rûnen, kaam harren in buske fan it wykbehear efterop. Mei yn de laadbak wat sammele guod dat minsken grif op de dyk smiten hienen. De iene kuierder woe ha dat se dat yn de bak lizze lieten om oan elts de yndruk te jaan dat se tige harren bêst dienen.

Wy skriuwe de fiifde minút fan de kuier. Soks is wichtich, mar dêr komme jim letter pas efter. Om de spanning beet te hâlden sis ik it no mar fêst.

It buske fan it wykbehear wie rap út it sicht. De rein wiksele yn rap tempo fan hast droech nei aardich wiet en wer werom. De kuierders kamen by in pear beammen del dy’t in dei as wat earder omwaaid wienen. De leidings fan in ferskaat oan nutsbedriuwen rûnen troch de woartels hinne, de iene kuierder tocht dat it noch wol in skoft duorje koe foardat al dy nutsbedriuwen op ien line sieten en aksje ûndernimme soenen de beammen op te rêden. It stekje dat it plak fan de gefaarlike situaasje markearre, wie omriden. Tryst lei it yn de berm. Funksjeleas.

De kuierders setten de stap der mar flink yn, de tee dy’t thús wachte yn de efterholle. Se kamen troch it buordoarpke, hjir en dêr in bytsje takkeboel yn de berm as stille tsjûgen fan de stoarm. Healwei it doarp sloegen se it bekende paad yn dat harren rjochting harren eigen doarp bringe soe. Doe’t se in bocht omsloegen seagen se yn de fierte it buske fan it wykbehear stean. De iene kuierder seach op syn klokje.

Wy skriuwe de 45e minút fan de kuier. Fan belang is om te melden dat de ôfstân tusken de earste kear dat se it buske seagen en de twadde kear foar it buske omtrint 2 minuten riden wie. Dêr sitte 43 tusken. Komt daliks. No wurdt it spannend, minsken.

De iene kuierder miende dat er wat bewegen seach. Nee, net yn it buske, dat wie te fier fuort. Yn de sleat, sawat healwei harren en it buske. Doe’t se der hast oan ta wienen, beweegde it wer. ‘Ik miende al dat ik wat seach,’ sei de oare kuierder.
‘Ik ek, mar it woe my net oan,’ sei de oare. ‘Mar wat is it?’

It wie in hazze dy’t rûntsjes draaide yn de hast droege sleat. In klassyk gefal fan in hazze mei harsensbeskeadiging. Demint of in slach mei de moalpûde hân, sa gedroech it dier him. Hy bleau ûnderyn de sleat sitten en like net by machte om der út te klimmen. De kuierders stienen der nei te sjen.

Al dy tiid gjin beweech yn en om it buske fan it wykbehear.

De iene kuierder krige in stok en besocht de sneue hazze út de sleat te helpen. It bist wie hast oan boppen ta doe’t er wer werom foel. Dit werhelle him in kear as wat. It wie foar de iene kuierder reden om it bist dan mar yn it nekfel te pakken en nei it tichtstby lizzende stik greide te bringen.

Mei de hazze yn it nekfel rûn hy by it buske fan it wykbehear del. Hy wrotte wat oan de hikke om, dy’t kreas it lân fan it paad ôffrede. Dat wrotten joech wat leven. De hazze joech gjin leven doe’t de kuierder him del sette. Hy seach om him hinne mei in gesicht fan: ‘Hie my de genedeklap mar jûn, dit wurdt dochs neat mear mei my.’

De kuierder hearde in doar...

Der stie ien yn in oranje overal mei de mûle in ein iepen nei it tafriel te sjen. Hy like krekt wekker. De kuierder die de hikke wer ticht en stapte fierder, tegearre mei de oare kuierder.

Wy skriuwe de 55e minút fan de tocht.

‘Wat no as wy gjin hazze troch de hikke setten hienen?’
‘Dan hienen se beide noch djip yn sliep west...’

En sa eindige dizze spannende tocht. Soe de gemeentelike belesting dit jier ek omheech gean?

En se libben noch lang en lokkich...

    

  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen