Maurits Hendriks snapt it net

Dit is mytysk

'Ik begrijp als echte Nederlander dat dit een mythische race is en dat een schaatser ambitie heeft.'

Oan it wurd is Maurits Hendriks, de sjef fan NOCNSF. De man dy't tegearre mei Arie Koops fia in matrix en oare drege konstruksjes de bêste reedriders nei Sotsji stjoere moat. No liket my dat net sa dreech, Sven en Jorrit steane foar fjouwer medailles op de lange ôfstannen, as se de poat net brutsen ha. Klear.

Mar dêr giet it net om. It giet oer de BAM ploech, Jillert Anema hat sein dat mocht der iis yn de Bonkefeart lizze, sy as in spear werom nei Fryslân geane. Olympyske spullen of net. En dat fine dy Hendriks en Koops mar neat.
Hendriks besocht it mei boppesteande útspraak noch wol, mar hy snapt der gjin miter fan. 'Als Echte Nederlander?'

Nee, Maurits. As dit iis der komt, leit it yn Fryslân. Net yn de Vinkeveense plassen of sa. Dan kinne jo easken stelle as NOCNSF.

Dit iis? Dêr kin gjin korrupt baantsje yn Sotsji tsjinoan. Dit giet oer de Tocht. En gjin Maurits Hendriks en Arie Koops dy't ea begripe sille wat dat losmakket.

Jillert Anema wol. Dy snapt it.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen