Kollum fan juster



Shirt

Poeh, dêr hie ik samar in stikje histoarje yn hannen.
Freed wie de earste thúswedstriid fan de Flyers en sa as alle taskôgers sjen koenen, hie maskotte Frizzly the Eagle net it nije shirt fan de Unis Flyers oan, mar in collectors item fan de boppeste planke. In shirt út de romrofte Feenstra Flyers perioade.
In klup moat altyd foarút sjen, mar nea syn histoarje ferjitte. En de Flyers ha in histoarje dy’t der net om liicht. Yn dat ramt is it ek in prachtich inisjatyf om fan dy moaie banieren yn de hal op te hingjen mei ôfbyldings fan alle ikoanen dy’t by de klup spile ha. Dat se by de Flyers harren toppers van toen net ferjitten binne, die wol bliken doe’t Jack de Heer en Gordon McDonald mei foarsitter Henk Hoekstra it iis op stapten om de offisjele face off fan it seizoen 2013/2014 te ferrjochtsjen. In steande ovaasje foar de beide mannen, prachtich om te sjen. Yn de kommende tiid sille der grif mear fan dy moaie flaggen yn Thialf ferskine.
De ambysje is dit jier helder, de Flyers wolle kampioen wurde. Nei al dy jierren wachtsjen soe it foar de no al wer mear as 1000 trouwe taskôgers in dream dy’t útkomt wêze. Oan de earste wedstriid ôf te lêzen soe dy ambysje wolris aaklich ticht benadere wurde kinne. It sil my benije, der binne fansels noch in pear teams dy’t alle jierren oan de ein ta meidogge. Mar in ambysje útsprekke is neat mis mei.
Yn it skoft tusken de twadde en tredde perioade stie ik samar mei dat shirt yn hannen. It foel my op hoe swier it wie. Deeglik makke, sille wy mar sizze. Yn de tiid dat it brûkt waard, siet ik stikem yn de kantine nei it hockey te sjen. Ik hie as jonkje fan in jier as 14, 15 gjin jild om alle kearen in kaartsje te beteljen. Guon fan jim sille doe ek al yn de hal sitten ha. It stie blau fan de reek, dat wit ik noch goed, mar it measte is it lawaai my bybleaun. As de Flyers in goal makken wie it in orkaan fan leven, dat de ruten fan de kantine trilje liet.
As we der no meielkoar foar soargje dat dy hal wer oan de kop ta fol komt, soe dat it team fansels stipe jaan. It seizoen is los, de doelen binne steld en it is in prachtich spultsje, dus net stinne, mar hinne!     

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen