Boekemerk en de Gysbert, bier en bitterballen

Myn útjouwer belle my op. Wat ik 12 oktober fan doel bin. Dy datum stiet al in skoft yn myn digitale bûsboekje, want dan is de tradysjonele boekemerk yn Drachten. Treffe jo aardige minsken en klinke jo yn kafee Marktzicht op de minne ferkeap en de goede kontakten. Al mei al in dei om net te missen.

Dy boekemerk is mei oprjochte troch in gewisse R. van der Velde. Hee, dy namme ha ik wolris faker heard, sille guon fan jim sizze. Ja, dy skreau ek wolris wat. Hat er sels in kear in priis foar krigen. De Gysbert.

Hee, de Gysbert? Wurdt dy dit jier ek net... Ja, ferdomd as 't net wier is, dy is dit jier ek wer oan bar. Efkes op de side fan Tresoar sjen. Utrikking Gysbert 2013 yn Boalsert op: 12 oktober.

No leit it foar de hân dat ik hjir in tirade fan inkele alinea's oer de folsleine miskleun fan de jonges en famkes fan Tresoar op papier sette sil. Mar dat doch ik net. Ik ha it ek net oer it folslein respektleas ôfservearjen fan minsken dy't sûnt de oprjochting fan dy boekemerk yn Drachten alle jierren mei holpen ha, en de lêste kearen mei de sturt tussken de fuotten foar de kreamen del skarrelen. 

Nee. Ik lit jim frij yn wat jimme fan dizze saken fine.

It soe deputearre Jannewietske de Vries oars al bonuspunten opleverje as se efkes yn Drachten sjocht, by dat boerske ploechje folk dat it nederige wurk fan boeken ferkeapje, om fan dy minne sifers dochs noch wat te meitsjen, mei wille docht. In dei lang. Kinne wy it der meielkoar efkes oer ha. Yn Marktzicht. Mei bier en bitterballen.






Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen