Jiskefet

It regear wol yn harren wanhopige syktocht nei sinten ynstee fan te ynvestearjen, sa as Dútslân docht, de wichtige middenynkommens noch fierder strûpe. De minsken mei bern yn de djoere leeftyd. Dy sukkels ha it dochs sa drok mei de holle boppe wetter hâlde dat se it grif net oan tiid ha sille om harren te oppenearjen. 

It begjint sa stadichoan op in komeedzje te lykjen, dit belied. In blijspul yn fierstentefolle bedriuwen. Earlik sein hie ik fan Lodewijk Asscher in hege pet op doe't er wethâlder fan Amsterdam wie. Mar wat er no by de ein hat? Hoe kin it no dat wy hjir al jierren de braafste fan Europa binne mar der net yn slagje om út de krisis te kommen?

Ien ding stiet as in peal boppe wetter, ûnder dit regear mei de VVD buorkje we efterút. Nee, net allegearre, it alâlde tinken dat 'eerlijk zullen we alles delen, wij een beetje meer als zij' is noch tige ynoarder by Rutte, Zijlstra en co.

As we der net om tinke is studearje aanst wer foar de boppelaach, de Jiskefet bylden sille guon fan jim noch wol op it netflues krije kinne. It âlde jild dat it wer foar it sizzen krijt. Laitsje der mar om, mar foar in gewoane hushâlding is it studearje litte fan tûke bern aanst sa djoer dat de talinten wolris ûndersnije kinne troch it jild dat der net is.

Wêr is de PvdA streaming yn de polityk dy't hjir de flier mei oanfaget? De idealen fan oeral in biblioteek dêr't gewoane minsken de kâns krije harren te ûntjaan, as je no wol as net in soad jild ha? Wêr binne de Beetster turfslaven bleaun? Moat it folk earst wer sa yn it near komme foardat... De wurggreep fan de VVD liket links (?) te machtich te wêzen.

It is te hoopjen dat de opposysje dizze kear net it regear yn de kont krûpt troch mei 'ombuigingen waarin het gezicht van de eigen partij duidelijk zichtbaar is' TV tiid by Pauw en Witteman yn te keapjen. It soe Pechtold en de oaren siere as se no de kneppel yn it hinnehok smiten. Wy sitte op posityf nijs te wachtsjen. Net op it tichtknipen fan de strôt, dêr giet de ekonomy net mei omheech.  


Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts