Philishave yn de Hof van Eden

It is wer komkommertiid, dus is it nijs dêr ek neffens.

Atte Jongstra, de skriuwer fan it kadoboek fan de moanne fan it Fryske boek, is aardich aktyf op Facebook. Hy hat it der mar drok mei, fan 15-9-13 oant 25-1-15 sil der in tentoanstelling fan syn hân te sjen wêze yn it Ryksmuseum Twente. Hjir kinne jo der alles oer lêze. Paden naar het Paradijs, it liket my wol nijsgjirrich.

Mar der giet it no net om, ik sjoch soms mar wat frjemd tsjin dy prachtige plaatsjes oan dy't oer de histoarje fan Adam en Eva makke binne. Nim no dizze:

Prachtich tafriel, minske en bist yn symbioase, it moat wol lekker waar wêze, want omdat der noch net fan de ferkearde apel snobbe wie, hie nimmen noch fan skamtme heard.

Eva mei moai lang hier, Adam... Hè?

Krekt. Dan heakje ik dus ôf. Dit moaie byld soe (as jo yn de bibel leauwe) rûchwei in pear tûzen jier lyn spile ha.
It liket my dat Adam krekt werom is fan in besite oan in kapper. Mar dat kin net, want sy wienen mar tegearre.

Der wie gjin stroom, skearmeskes en skjirren sjoch ik ek net op it plaatsje. Hoe kin it dan dat Adam sa kreas behimmele is om it kin? Hie er al in Philishave of sa?
Ik kom net oan it wol as net wier wêzen fan de bibel en it leauwen, mar wêrom ha al dy ferneamde keunstners ús altyd by de poat? Is Adam mei in burd en hier op earms en fuotten net kommersjeel genôch?

Noch ien.

Yn Vietnam binne in heit en in soan nei 40 jier út de bosk wei kaam. Heit wie yntiids 82 en miskien wat krebintich, hoe dan ek, de mannen hienen net folle praten, want dat koenen se hast net. 40 jier yn de bosk, dan is it praat op. Mar de skearmeskes net.

Ek hjir is Philishave skynber rom foarhannen yn de jungle. In aap op in fyts dy't de dynamo oantrapet, krekt as yn de oarloch? 40 jier itselde meske dat heit út de Vietnamoarloch oerholden hie? Ja, ja...

Ik sil efkes nei de plantekas. Sjen oft der al wer in komkommer ryp is. Mei jittik by de griene beantsjes, lekker. It is best lestich as je praktysk binne, je lêze oars... Komkommernijs.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen