Albert van Keimpema en Klaas Jansma fertsjinje 'Duiding'.

Bêste minsken. Ik bin der hast fan oertsjûge dat jim fan my ferwachtsje in reaksje te jaan op it petear fan Klaas Jansma mei de nommele klupman Albert van Keimpema, dat hjoed op de Omrop te sjen wie.

It petear wie dusdanich djipgeand dat ik der wol in wike foar nedich ha om de júste 'duiding' te finen. Sit der mar net oer yn, it kwartsje sil ynkoarten wol falle en sil jim needrich tsjinner fan boppen út de himel as ûnder út de hel wei wol trochkrije wat de briljante gedachtekronkels fan dizze matsjedoaren ynhâldlik oan ús as dom folk sizze wolle.

Foarearst sûpe jim jim as rjochtaarde Friezen mar in stik yn de kraach, dan switte de poriën ek wer ris goed troch. It foarbyld is alle oeren om likernôch kertier foar it oere te sjen. (fan dy poriën, bedoel ik, ik soe net doarre om ien fan yts te beskuldigjen)

Ik sil de rest fan de wike yn in kleaster om ta mysels te kommen en hooplik kin ik jim dan fertelle wat jim hjoed sjoen ha, want jim begripe wol dat hjir lang en djip oer neitocht wurde moat. 


Reacties

  1. De mond valt mij hiervan open, Klaas Jansma adoreert zo'n beetje AvK.....vreselijk. Goed dat Simone Scheffer het steeds weer aanstipte. Een duidelijk antwoord hebben we (natuurlijk) niet gekregen. Ik vrees dat AvK gewoon weer richting de sky-boxjes van SC Heerenveen gaat, met natuurlijk weer diezelfde dikke plaat voor z'n kop. Hij spreekt namens (enkele) grote sponsoren;(ex RvC-ers)en zijn schoonvader. Bah! Wat een nare/vervelende enorm zwetende man. De leugens en achterbakse streken druipen uit zijn porien. Klaas Jansma beschrijft hem liever als: onze enige Friese vrije (riool) journalist. Halleluja!# moeten we daar blij mee zijn?

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen