Wervingsaksje Sportklup Hearrenfean
SC Hearrenfean organisearret ikoansmiten
‘Wy ferwachtsje nije oanwaaks seizoenkaarten troch dizze
aktiviteit.’
Fan de eveneminten redaksje
HEARRENFEAN- Sportklup Hearrenfean set op in wol tige
bysûndere wize syn ikoanen yn de skynwerpers.
Midden yn de winterstop, 29 desimber, sille trije noch
libjende ikoanen âlderwetsk oan in skandepeal nagele wurde, wêrnei’t minsken
sûnder klup as seizoenskaart mei fervebommen op de manne smite meie. Dit alles
sponsere troch in net neier te neamen fabrikant fan spuitbusferve earne yn Fryslân.
Direkteur Robert Veenstra lei de saak út: ‘It idee is
goed trochtocht. Wy sette Klaas de Jonge, Riemer van der Velde en Foppe de Haan
yn om it skeinde betrouwen wer in boost te jaan. Jo ha ien: de minsken wer ris yn it stadion en twa: de
ôfdieling marketing hat trochrekkene dat soks wolris in pear hûndert nije
kaarthâlders opsmite kin. In dúdlike win-win situaasje, past ek prima yn ús
lange termyn programma In Nije Dei. Oare wegen ynslaan.’
Op de fraach oft de trije ikoanen daliks ree wienen om
mei te wurkjen sei Veenstra: ‘Jo ha gefoel en hert foar de klup of jo ha it
net...’

Reacties
Een reactie posten